Friese Poort Drachten docht oanjefte tsjin antyfaksdemonstranten

It ROC Friese Poort yn Drachten docht dizze wike oanjefte fan yntimidaasje en hûsfredebrek tsjin twa antyfaksdemonstranten dy't moandei studinten, Friese Poort-meiwurkers en GGD-meiwurkers yntimidearren.
Demonstranten by de Friese Poort yn Drachten © Omrop Fryslân
De ynstelling docht oanjefte "voor de veiligheid van onze studenten en onze medewerkers", seit in wurdfierster tsjin it ANP. De skoalle sei moandei al nei te tinken oer oanjefte, mar docht dat no dus definityf.
Yn de skoalle joech de GGD moandei foarljochting oan studinten dy't noch gjin coronafaksinaasje helle hienen. Dat rôp wjerstân op en dêrom wie bûten it skoalleterrein in fak foar demonstranten ynrjochte.

Yntimidaasje

Sawat tsien demonstranten mei flyers en spandoeken sochten dêr op yntimidearjende wize kontakt mei de studinten. Dy wienen dêr behoarlik fan ûnder de yndruk, seit it ROC.
Twa fan de demonstranten woenen yn it gebou in brief oanbiede. Doe't sy har dêrnei yn it gebou ek yntimidearjend opstelden tsjin meiwurkers fan de skoalle en de GGD, is se frege om it gebou te ferlitten. Dat woenen se net.

Plysje begeliedt demonstranten nei bûten

Dêrnei soenen twa demonstranten sels de plysje belle, om't se de GGD-foarljochting yn de skoalle net bywenje mochten. De plysje hat de twa nei bûten ta begelaat.