Noch mar ien oarspronklike wethâlder oer yn Ljouwert: "It liket wol in dowetil"

Wat betsjut it oerstappen fan wethâlder Friso Douwstra foar de kontinuïteit fan it gemeentebestjoer? Op dit stuit is der noch mar ien wethâlder oer fan it kolleezje dat yn 2018 ynstallearre waard. De fraach is neffens guon oft politike dossiers net te faak yn oare hannen telâne komme.
It oarspronklike kolleezje fan Ljouwert nei de ynstallaasje yn 2018 © Omrop Fryslan, Hayo Bootsma
Wethâlder Hilde Tjeerdema is de iennichste dy't noch oer is fan it oarspronklike kolleezje. Sels boargemaster Ferd Crone en de gemeentesekretaris hawwe yntusken in oare funksje krigen. Tiisdei makke CDA-wethâlder Friso Douwstra bekend it plak fan Sander de Rouwe as deputearre oer te nimmen.

Oerfallen

Fraksjefoarsitter Sytse Brouwer fan it CDA yn Ljouwert lit trochskimerje dat er de nije funksje foar Douwstra foar syn fraksje spitich fynt. It berjocht fan de oerstap hat him hiel bot oerfallen, seit hy. "Wy hiene hope dat hy noch gewoan listlûker wurde soe."
Fraksjefoarsitter Sytse Brouwer fan CDA Ljouwert © Omrop Fryslân
Ek neamt Brouwer it 'minder handich.' "Hy wie foar ús wol listlûker, sittend wethâlder, wethâlderskandidaat en kampanjeman. De wichtichste krêft falt fuort. Dus wy hawwe in gat op te foljen."
Benammen de timing komt min út. "It hie handiger west as it in jier earder west hie. Dan wie der mear tariedingstiid."
Fraksjefoarsitter Sytse Brouwer fan CDA Ljouwert
Oan de iene kant net bliid dus, oan de oare kant hat er ek begryp: "Ik tink dat er yn it belang fan de partij tocht hat: Sander de Rouwe is fuort en it CDA en Fryslân hawwe my op in oar plak nedich. Dus hy set syn kwaliteiten earne oars yn. Ik haw alle begryp foar syn kar."

Wa moat opfolger wurde?

De oare funksje betsjut wol dat der in nije CDA'er nedich is. "Ik bin al de hiele dei dwaande om dat rap te regeljen. Der sjitte my wol wat nammen yn 't sin, mar dêr doch ik noch gjin meidielingen oer. Mar ik ferwachtsje dat it net lang duorret."
Brouwer hat foar de stabiliteit it leafst in persoan dy't likegoed listlûker as wethâlder en wethâlderskanidaat wêze kin. "As it oan ús as fraksje leit soe it it meast ideaal wêze. Mar it is wol sa gau dat je miskien ta in oare oplossing komme moatte."
Fraksjefoarsitter Otto van der Galiën fan Lijst058 © Omrop Fryslân
Fraksjefoarsitter Otto van der Galiën fan de lokale beweging Lijst058 fynt dat it trochskowen fan politisy it oansjen fan de polityk skeint. "Fan Sytse Brouwer kinne je tusken de regels troch ek wol hearre dat hy der net echt gelokkich mei is."
It liket wol in dowetil. It oansjen fan de polityk wurdt der net better fan.
Otto van der Galiën fan Lijst058
Dat der fan de sân kolleezjeleden fan 2018 noch mar ien oer is, fynt Van der Galiën spitich. "De kontinuïteit yn it bestjoer fan Ljouwert is fuort. Dat is net goed foar it stedsbestjoer: it liket wol in dowetil. It oansjen fan de polityk wurdt der net better fan."
Fraksjefoarsitter Otto van der Galiën fan Lijst058
Van der Galiën tinkt wol dat der in kapabele ferfanger komt en hy gunt Douwstra it bêste. "Dêr giet it net om. Mar dit kolleezje is begûn mei it biedwurd De kracht van samen. No't der noch mar ien oer is, docht bliken dat dy kracht net sa sterk west hat."

Douwstra kin syn put net ôfmeitsje

De oerstap nei de provinsje is net ferbean, mar hat wol gefolgen foar de gemeente dy't efterlitten wurde. Ek ynhâldlik, tinkt Van der Galiën: "Der binne noch grutte fraachstikken op syn dossiers, ek foar it sosjaal domein dêr't hy foar in part ferantwurdlik foar is. Hy kin dy put net ôfmeitsje."