Kontener fan MSC Zoe nei mear as twa jier wer 'boppe wetter' op sânplaat by Skiermûntseach
Op in sânplaat tusken It Amelân en Skiermûntseach leit noch altyd in grut stik fan in kontener dy't ôfkomstich is fan de ramp mei de MSC Zoe. Yn jannewaris fan 2019 spielden boppe de Waadeilannen hûnderten konteners fan dat skip ôf.

Neffens Rykswettersteat wie it al dy tiid net mooglik om it stik fan de kontener fan de sânplaat ôf te heljen, omdat it ûnder it sân bedarre wie. It fuortheljen soe tefolle skea oan de natuer feroarsaakje.
It soe gean om de boaiemplaat fan in kontener. Der leine mear grutte stikken op de sânplaat, mar dy binne wol opromme, seit Rykswettersteat.
Begjin 2019 rekke it kontenerskip MSC Zoë yn de problemen boppe de Waadeilannen. Yn de hege golven foelen hûnderten konteners oerboard. Der spielde fanalles oan op de Fryske strannen, mar in grut part fan de konteners is noait weromfûn.
De Switserske rederij MSC hat yntusken bedriuwen ynskeakele dy't it stik fan de kontener opromje moatte. Neffens Rykswettersteat soe dat foar it stoarmseizoen dien wêze moatte.
Henk Middendorp is fan Rykswettersteat, en hy giet dêr oer it natuerbehear fan de Waadsee. Neffens him spielt der noch altyd guod oan dat by de kontenerramp yn de see bedarre is.
Rôze boartersguodhynders
Benammen as der rôze boartersguodhynders fûn wurde, geane de gedachten direkt nei de ramp mei de MSC Zoe, seit Middendorp. "Die zijn sprekend."

Middendorp tinkt dat der de kommende tiid noch wol mear hynderkes fûn wurde sille. En oar guod kin ek noch wol komme, seit er.
"Dat blijft gebeuren, en het zal ook nog wel een tijd blijven gebeuren. Bij elke storm kan er wat losschieten van de zeebodem, en dan blijft het aanspoelen."