Fries StraatFestival: "Wy biede artysten in betelle put, en besikers kultuer"

It Fries StraatFestival docht in grut berop op de eigen ferantwurdlikens fan besikers. It festival is healwei septimber en giet troch mei de jildende coronaregels as basis. Natasja Kesteloo fan it festival is bliid dat sy artysten in betelle put en besikers fjouwer dagen fol kultuer biede kin.
Organisaasje Fries StraatFestival oer it trochgean fan it evenemint
It Fries Straatfestival wol foar it trochgean fan it festival yn oanpaste foarm in grut berop dwaan op de eigen ferantwurdlikheid fan it publyk. Besikers hoege net in CoronaCheck-app sjen te litten. "We spreken mensen aan op hun eigen verantwoordelijkheid en betrokkenheid", sa leit Kesteloo út.

Fan twa nei fjouwer dagen

It festival soe eins yn maaie holden wurde mar waard ferskood nei septimber. Kesteloo: "Mensen zijn gewend om ons groots in de stad te hebben, maar we smeren dit jaar twee dagen festival uit over vier dagen. Dat betekent wel dat er ook voor het eerst tickets nodig zijn."
Foar de organisaasje stiet de tagonklikens foarop. "We zijn een festival dat voor iedereen toegankelijk wil zijn. Dat is al jaren zo, maar ook in 2021. We kunnen door omdat we ervoor gekozen hebben om de 1,5 meter in stand te houden.

Betelle put en kultuerstipe

It evenemint giet om optredens yn de bûtenloft. In triuwke yn de rêch dat wolkom is, sa tinkt Kesteloo. "Het is ook mooi om de mensen werk te geven: de artiesten hebben gewoon een betaalde klus." Dat is yn de coronakrisis al in bysûnderheid. Dêrtroch bliuwt de sektor yn kontakt mei it publyk: "We bieden de mensen vertier en zorgen dat cultuur beschikbaar blijft voor iedereen."