Fryske etappe fan Benelux Tour wûn troch Tim Merlier

Tim Merlier hat de earste etappe fan de Benelux Tour wûn, dy't moandei troch Noardeast-Fryslân riden waard. Yn totaal diene der 152 hurdfytsers út 22 ploegen mei oan de koers fan 170 kilometer. Fan grut belang op de koers wie de Lauwersmarwyn: middeis sloech it peloton útinoar yn waaiers.
De etappe fan de Benelux Tour gie troch Fryslân:
Grutte nammen as Peter Sagan en Geraint Thomas diene mei, mar ek bekende Nederlânske nammen as Tom Dumoulin, Mike Teunissen, Dylan Groenewegen en Wilco Kelderman.
De koers begûn yn Surhústerfean en gie ûnder oare fia Burgum, Holwert, Kollum en Lauwerseach nei Dokkum. De folsleine rûte is hjir werom te finen mei alle details.
Middeis sloech de wyn it peloton yn de omkriten fan de Lauwersmar útinoar yn waaiers. Dêrtroch waarden ek de sprinttreintsjes stikken lutsen.

Waaierslachtoffers

Der ûntstie in kopgroep, dêr't ek wer ferskate fytsers út wei rekken. Remco Evenepoel hie te lijen fan materiaalmaleur. Hy bedarre dêrtroch yn de tredde waaier, op mear as twa minuten efter de kopgroep. Peter Sagan rekke troch in fal út de kopgroep.

Merlier wint sprint

Mei noch 14 kilometer te gean siet it aventoer fan de kopgroep der lykwols al wer op. Der folge in sprint, dy't wûn waard troch de Belch Tim Merlier fan it team Alpecin-Fenix. Twadde en tredde waarden Phil Bauhaus en Alvaro Hodeg.
Ferslachjouwer Ben de Jager nei de finish
Der wie ien útfaller yn de koers: Jakob Fuglsang is út de wedstriid stapt nei in crash.
De hurdfytsers kamen troch Burgum © Noordernieuws