Wat is de oarsaak fan de stjerte by brúnfisken? Undersikers sykje it út

Al dagenlang is it in makaber gesicht op de strannen fan de Waadeilannen: tsientallen deade brúnfisken binne oanspield. It is noch in riedsel hoe't dit kin. Der binne meardere senario's, dy't fariearje fan oanfallen troch seehûnen oant de oefening fan de marine.
It is noch net dúdlik wat de oarsaak is fan de deade brúnfisken:
De bisten gean nei de Universiteit Utrecht foar fierder ûndersyk. Biolooch en ûndersiker Lonneke IJsseldijk sil de bisten ûndersykje om de deadsoarsaak te achterheljen.
"We zijn nog niet begonnen met het onderzoek", seit Lonneke IJsseldijk. "Onze eerste prioriteit is om de beesten deze kant op te krijgen. "Wat we hebben, ligt opgeslagen in de vriezer. We moeten ons voorbereiden en bedenken wat willen we onderzoeken. Er zijn een aantal per eiland verzameld. We zijn afhankelijk van in hoever de staat van ontbinding is, dat beperkt ons en misschien kunnen we niet zoveel onderzoeken als we zouden willen."

Brúnfisken op seksjetafel

It bist wurdt op de seksjetafel lein. "Dan voeren we autopsie uit. We beginnen aan de buitenkant en werken dan naar binnen, bekijken de organen en bemonsteren die. We onderzoeken bijvoorbeeld of er voedsel in de maag zit. Een belangrijke vraag is of ze gezond waren of dat ze al tekenen van ziekte hadden en of dat hetzelfde is voor alle dieren of juist verschillend per dier. Maar misschien komen we er ook niet achter omdat het kadaver in zo'n slechte staat is."

Spekulearje nei oarsaak

Se kin noch neat sizze oer mooglike oarsaken. "Dat is speculeren. Het valt op dat ze allemaal in dezelfde staat van ontbinding zijn, dus zouden ze op hetzelfde moment moeten zijn overleden." By sokke massale oantallen hat it faak te krijen mei sykte of dat der sprake is fan in minsklike aktiviteit. "Als het zou gaan om een aanval van een zeehonden zie je dat dat meer gebeurt bij individuele dieren."
© RTZ & Dierenambulance Ameland
In minsklike aktiviteit soe in resinte marine-oefening wêze kinne. Oft dêr eksplosiven by brûkt binne, wurdt útsocht. "Die vraag ligt bij het ministerie van Defensie."
Ferslachjouwer Remco de Vries is moandei op it eilân en follet oan: "It binne stresskippen, se binne bot ôfhinklik fan har sonar en gehoar. As der dan enoarme klappen komme, kinne se der sa'n knau fan krije dat se der dea oan gean."

Underwetterlûd

Arthur Oosterbaan fan Ecomare fertelt da't der yn it Nederlânske part fan de Noardsee sa'n 40- oant 60.000 brúnfisken libje. Oosterbaan fynt dat goed ûndersocht wurde moat hoe't der no sa'n grut tal om de deselde tiid hinne yn itselde gebiet hinne dea rekke is.
Arthur Oosterbaan fan Ecomare
Neffens Oosterbaan giet it by stjerte faak om trije dingen: fersmoarging mei gif, fisknetten of ûnderwetterlawaai. Dat lêste soe noch it meast wierskynlik wêze. Brúnfisken jeie mei sonar en as der tefolle lûd yn de omjouwing is, binne sy blyn ûnder wetter. Dat lûd kin bygelyks fan skippen, boarringen of it oanlizzen fan in wynpark komme. Mar soks is spekulaasje.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries

Guon bisten bliuwe lizzen

De measte bisten binne oanspield op It Amelân en Skiermûntseach, mar yntusken binne der ek al meldingen fan brúnfisken dy't op it fêste lân oanspield binne.
Snein binne sa'n 13, 14 deade bisten fûn, fertelt ferslachjouwer Remco de Vries dy't moandei op it eilân is. "De Dierenambulance hat krekt ek in earste melding hjoed krigen, by Ballum soe wat lizze." Guon bisten litte se lizze as dy op plakken binne dêr't gjin toeristen komme. "Dan hat de natuer der ek wat oan, seemokken bygelyks. Guon bisten binne nuttich foar ûndersyk en dy gean nei ûndersikers fan de universiteit yn Utrecht. As de brúnfisken op toeristysk drokke stikken strân lizze, wurde se fuorthelle."
It tal meldingen kin noch tanimme as der mear minsken op it strân komme. "It wie fannacht heechwetter dus der kin noch fan alles oanspiele." De lêste jierren is de populaasje fan brúnfisken flink groeid. It is net in seldsume soart.
Ferslachjouwer Remco de Vries en ûndersiker Lonneke IJsseldijk