Welmoed Sijtsma docht mei oan Wie is de Mol?

Welmoed Sijtsma (30) fan Hurdegaryp docht mei oan it nije seizoen fan 'Wie is de Mol?'. Dat is sneontejûn bekend makke fia in livestream fan it programma.
Welmoed Sijtsma (twadde fan links) sit yn Wie is de Mol? © AVROTROS
Alle nije kandidaten foar it 22e seizoen fan telefyzjeprogramma Wie is de Mol? binne doe bekend makke. Welmoed Sijtsma wurke earder as ferslachjouwer by Omrop Fryslân en presintearre jierrenlang it Jeugdjournaal. Op it stuit is se fêste presintatrise fan talkshow Op1 en Goedemorgen Nederland.

Wie is de Mol?

Yn Wie is de Mol? moatte kandidaten as groep opdrachten dwaan om jild binnen te heljen, wylst ien yn har fermidden it spultsje sabotearret; de Mol. De earste ôflevering wurdt yn jannewaris 2022 útstjoerd.
Mear Friezen binne de kommende tiid yn ferskate telefyzjeprogramma's te sjen. Sylvana IJsselmuiden docht mei oan Expeditie Robinson, en twa Fryske boeren dogge mei oan Boer Zoekt Vrouw.