Twa Friezen yn nije searje fan Boer Zoekt Vrouw

Oan it nije seizoen fan Boer Zoekt Vrouw dogge twa Friezen mei. Boer Jouke (31 jier) hat in melkfeebedriuw yn Wytmarsum. Boerinne Hilda (34 jier) hat op Skylge melkkij en hynders. Yn it telefyzjepropgramma sykje boeren en boerinnen in partner.
Boer Jouke fan Boer Zoekt Vrouw © Linelle Deunk
Boer Jouke hat in bedriuw mei 110 Jerseykij en jongfee. Hy siket in selsstannige frou. "Ik hoef geen muurbloempje. Iemand die zich makkelijk mengt onder vrienden", is te lêzen op de webside fan it programma. Nei't syn heit in harsenynfarkt krige yn 2011 wurket er folslein op it bedriuw. Yn syn frije tiid docht er oan sloeproeien. Hy hat ek wol meidien oan de HT-race fan Harns nei Skylge.

Melke as ûntspanning

Om in oere as fiif moarns begjint er mei melken. Dêrnei jout er him noch wer even del en jûns is er om in oere of seis klear. Hy mei graach allinne melke, it is foar him ûntspanning. Hy fynt it moai om boer te wêzen om't er altyd bûten wurkje mei, mei bisten en dat er sels syn eigen dei yndiele kin.
Yn in relaasje fynt er iepenheid belangryk. Hy hat wol relaasjes hân. Syn partner hoecht net mei te wurkjen.
Boerinne Hilda fan Boer Zoekt Vrouw © Linelle Deunk
Boerinne Hilda hat 50 melkkij en 18 hynders foar de ferhier. Se soe graach mei in partner dingen ûndernimme wolle. "Samen wandelen, fietsen, weekendjes weg" is te lêzen op de webside fan it programma. Se wurket op it bedriuw en ferhiert hynders oan toeristen dy't oer it eilân ride. Winterdeis wurke se as skylearares yn Eastenryk.

Utsjoch oer de Noardsee

Har favorite plak op Skylge is by Paal 3. "Op West heb je een mooi uitzicht over de Noordzee. Je ziet de boten aankomen. Echt fantastisch."
Yn in relaasje fynt se earlikheid en fertrouwen belangryk. Se fynt dat se it moaiste berop fan de wrâld hat om't se altyd mei bisten dwaande is. Se mei graach bûten wêze en mei toeristen op paad.
De earste ôflevering fan it tolfde seizoen fan Boer Zoekt Vrouw luts goed 2,3 miljoen sjoggers. De searje giet yn jannewaris fierder. Dan wurdt bekend hoefolle brieven de boeren krigen ha en folgje we se har yn har syktocht nei de leafde.
Mear Friezen binne de kommende tiid yn ferskate telefyzjeprogramma's te folgjen. Welmoed Sijtsma docht mei oan Wie is de Mol? en Sylvana IJsselmuiden docht mei oan Expeditie Robinson.