Nederlânske dressuerploech mei Rixt van der Horst pakt sulver

Nei in brûnzen medalje op de yndividuele proef hat Rixt van der Horst no ek mei de Nederlânske ploech in medalje pakt. Mei in skoare fan 229.249 gong it sulver nei Nederlân.
© Orange Pictures
Van der Horst sels kaam ta in skoare fan 76.235. Dêrmei wie de skoare fan de amazône út Grou sels wat better as de 75.765 wêrmei't se op de yndividuele proef brûns behelle.

Yn de buert fan goud

It Nederlânske team, mei njonken Van der Horst ek noch Frank Hosmar en Sanne Voets, kaam sels ticht yn de buert fan it goud, mar op it lêst wie de skoare fan Grut-Brittannië krekt wat heger as de skoare fan Nederlân.
Dochs wie Van der Horst net bot teloarsteld. "We hebben gereden voor wat we waard zijn, dus we kunnen onszelf niets kwalijk nemen", sei se yn in earste reaksje tsjin NOC*NSF.
Nederlân wie al Europeesk kampioen, wrâldkampioen en dêr komt no dus in sulveren Paralympyske medalje by.
"We zijn zoveel gegroeid de laatste jaren. We hebben superpaarden, we hebben superruiters. De sport is gewoon van zo'n hoog niveau en ik denk dat we gewoon over de hele breedte in Nederland zo goed rijden dat we dit niveau halen", seit Van der Horst grutsk.