Motorrider omkaam by slim ûngelok by Bitgummole

Op de N383 by Bitgummole is sneontemiddei in motorrider om it libben kaam by in slim ûngelok. De motorrider, in 56-jierrige man út gemeente Waadhoeke, kaam yn botsing mei in frachtwein.
Oanriding tusken frachtwein en motorrider op N383
De plysje hat de dyk nei it ûngelok in skoft ôfsetten en docht ûndersyk nei de oarsaak.