Freedsmerk oer de Formule-1: "Het is ronduit belachelijk!"

Corona is noch altyd spulbrekker by grutte eveneminten. Hast alles wurdt skrast. Dochs is der ien útsûndering: de Formule-1 race op Zandvoort dêr't trije dagen lang, trije kear 70.000 minsken ferwachte wurde. Hoe't dat kin? Keapers en keaplju op de Ljouwerter freedsmerk wiene der ferdield oer.
© Omrop Fryslân, René Koster
"Dat de Formule-1 wól trochgiet is net earlik. Mar ja, it hiele libben is ûnearlik", sa liet ien witte. Hy fûn dat ditsoarte eveneminten safolle mooglik trochgean moatte om't in soad minsken der in protte wille fan ha.

'Hollân-promoasje'

Oare arguminten fan foarstanners wiene de geweldige Hollânpromoasje dy't it mei him meibringt, dat Nederlân al sa lang wachtet op de Formule-1, dat publyk in fêst sitplak hat, en dat je dochs ris wat besykje moatte, "Om't corona dochs wol ûnder ús bliuwt.
De tsjinstanners wiene lykwols yn de mearderheid: "Het is ronduit belachelijk en meten met twee maten", waard faak sein.

Keninklike bemuoienis

Foar de measten wie wol dúdlik dat de keninklike bemuoienis soarge hat dat dit evenemint syn bysûndere status krige. "Sa'n prins Bernhard hat fansels yngongen dy't oaren net hawwe."
Ek in oar luts dy konklúzje: "As hy yn de organisaasje fan Lowlands sitten hie, wie dat fansels ek trochgien." Wer in oar spruts sels fan in echte twadieling: "Jo ha relaasjes of dy ha jo net en dus mei de ien alles en in oar neat."
It fersyk oan in band om foar in pear VIP-kaarten op te treden, waard troch elkenien beoardiele as 'skandalich'. "Met VIP-kaarten kun je je rekeningen niet betalen" en: "Het is een regelrechte belediging dat een prins, die rondom gevuld is, dit laat vragen. Hij moet zich schamen!"
Sa tochten de minsken op de Freedsmerk oer it trochgean fan de Formule-1