Hurdfytser Mathieu van der Poel seit ôf foar Benelux Tour om rêchproblemen

Hurdfytser Mathieu van der Poel docht net mear mei oan de Benelux Tour. Troch problemen mei syn rêch kin hy syn titel net ferdigenje. De grutte ynternasjonale hurdfytswedstriid set op moandei 30 augustus útein yn Surhústerfean.
Mathieu van der Poel © Orange Pictures
Troch de problemen mei syn rêch hat Van der Poel net genôch traine kinnen de ôfrûne wiken. De Benelux Tour komt te betiid, skriuwt syn team op Twitter. Nei alle gedachten docht er yn septimber wol mei oan it wrâldkampioenskip hurdfytsen yn België en op 3 oktober by Paris-Roubaix.
De earste etappe fan de Benelux Tour giet moandei fan Surhústerfean nei Dokkum. Bekende nammen dy't oan de start ferskine, binne Tom Dumoulin, de Belgen Greg Van Avermaet, Tiesj Benoot en Philippe Gilbert en de Denen Mads Pedersen en Jakob Fuglsang.