Liveblog | 27 augustus 2021

Simmerblog: Simmer yn Ald- en Nijhoarne

It is de lêste dei fan Simmer yn Fryslân! Hjoed komme we foar it lêst del yn in doarp yn Fryslân.
Bywurke: 3 septimber 2021, 10:10
freed 27 augustus 2021
17:50

Dit wie Simmer yn Fryslân foar dit jier!

Hjirmei komme we oan de ein fan dit simmerblog. Dit wie Simmer yn Fryslân foar dit jier. Takom jier binne we der wer, oant dan!
17:48

Ein fan dit simmerblog

17:31

Ofslute by sportferiening UDIROS

De frijwilligers fan UDIROS © Omrop Fryslân, Aukje de Hoop
Wy slute hjoed ôf by sportferiening Udiros (ús doarp is ryk oan sport). De feriening is de coronatiid goed trochkaam: "We ha gelokkich hiele trouwe sponsoaren, en leden dy't bleaun binne. Ik moat sizze dat de stipe dy't der west hat foar ús reedlik goed foldien hat. We binne der reedlik goed trochhinne kaam binne." It is ek bysûnder dat de leden hast allegearre by de klup bleaun binne. "Wy ha ek soarge dat alles wat der noch mocht oan trainingen en alles trochgean koe. Ek al wie it somtiden mar mei twa man. Dat waard hiel bot wurdearre, dus minsken ha sein, as alles daliks wer kin dan binne der wer."

Frijwilligers by UDIROS

Der binne in soad doarpsbewenners dy't wat foar de klup dogge. Ien fan dy frijwilligers is Sjouke: "Ik mei hjir graach wêze, ik doch hjir fan alles wat, meane, skoffelje, hageknippe, fervje en timmerje. Slagget it net dan sykje ik in timmerman, mar it komt altyd goed. Mear as tweintich jier bin ik hjir frijwilliger."
Allinnich de strakke linen by it fjild del wurde net troch in frijwilliger, mar troch in djoere robotmeaner meand: "It kostet in pear sinten, mar dan ha je ek wat."
De frijwilligers fan UDIROS oan it wurd
17:00

Alderwetsk buorkje

Kerst en Pietsje Jonkman buorkje noch wat mear sa't dat eartiids barde, fertelt Kerst: "Wy binne noch in bytsje tradisjoneel, om it sa mar te sizzen." It is moai skjin op yn 'e stâl. "Dêr ha ik in protte wurk fan hân", seit Pietsje. "Dat moat ien kear yn 't jier even, ien kear yn 't jier moat it efkes hielendal skjin."
Ferslachjouwer Aukje de Hoop op 'e buorkerij
16:48

Grutte houten hynders

Rudolf de Jong makket houten hynders, op wiere grutte, en sels noch in lyts bytsje grutter as dat: "It is in bytsje grutter. Om se wat ymposanter te meitsjen, besykje ik se in bytsje grutter te meitsjen. Mar minsken moatte it net direkt sjen dat se wat grutter binne."
De Jong fertelt hoe't er derby kaam is. "Ik ha ris in Frysk hynder kocht, mar dan moatte je fansels alles leare fan dat hynder. Ik tocht, as ik no ris ien meitsje dan wit ik wêr't alles sit. De earste foel noch net mei."
Rudolf de Jong makket houten hynders
16:12

De lêste stikkers fan dit jier binne te plak!

15:51

It slûswachtershûs oan de Tjonger

15:18

Deibesteging knutselt tydlik op in oar plak

"Wy binne hjir yn it Trefpunt efter de pastorij. Wy sitte hjir tydlik, want wy binne deibesteging by it Ademahuis, mar wy ha tydlik de flier derút, wy krije in nije flier", fertelt Ivette Wijnsma, dy't deibesteging oanbiedt foar minsken mei begjinnende demintens, of minsken dy't iensum binne. "Sy komme hjir mei de frijwillige sjauffeurs, wy drinke kofje mei inoar, wy ite mei inoar. En middeis dogge wy wer wat aardichs."
Coby ten Boom is ek frijwilliger by de deibesteging. "Ik wie earst altyd op skoalle tusken 'e middeis ite mei de bern, mar dat is doe opholden. Ik tink ik moat al efkes wat oars derby ha. Ik fyn 't prachtich, ik bin allinnich thús, myn man is trije jier lyn stoarn, dan falst sa yn in gat. Dan is dit toch wol in ôflieding. Ik mei it hiel graach dwaan."
Ferslachjouwer Aukje de Hoop by de deibesteging
14:21

Prachtige natuer by Ald- en Nijhoarne

13:46

By Willem Teun yn de kas

Willem Teun © Omrop Fryslân, Aukje de Hoop
"It Hummelhûs is mear as allinne in tún, wy ha ek soarchopfang, berne-opfang, âldere-opfang en it stikje tún, dat doch ik", fertelt Willem Teun. Hy ferbout op it 'stikje' tún mear as 100 ferskillende soarten grienten en fruit. "Sacht fruit, yn de kas tomaten, pepers, ferskillende soarten paprika's", en dat is noch mar in lytse seleksje.
Willem Teun fertelt oer syn 'stikje' tún
13:06

Genôch frijwilligers by de brânwacht yn it doarp

Martin Kort en Dennis de Kroon © Omrop Fryslân, Aukje de Hoop
Yn oare doarpen moatte se bytiden bot sykje nei frijwilligers foar de brânwacht, mar yn Nijhoarne ha se dat probleem net. "Minsken wolle hjir graach wat foar it doarp dwaan en foar de mienskip." Dennis de Kroon is frijwilliger by de brânwacht yn 'e Hoarne. "Ik sit no in jier of sân by de brânwacht, it is der mei de brijleppel yn getten. Us pake hat der tritich jier by sitten, ús heit sit der no 35 jier by, dus fan jongs oan sit dat der al yn."
Martin Kort stiet der itselde yn: "Der foar de mienskip hjir wêze, dêr helje je foldwaning út. Minsken binne hiel tankber as je se helpe."
Ferslachjouwer Aukje de Hoop by de brânwacht fan Ald- en Nijhoarne
11:39

TV-opnames mei Jappie Kuiper, ferslachjouwer Timo Jepkema en kameraman Ronald Talma

© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
11:26

Lytse poppehûzen yn in âlde hynstestâl

Hanneke Hofstra © Omrop Fryslân, Aukje de Hoop
Hanneke Hofstra begûn jierren lyn mei it sammeljen fan lyts guod. "Eigenlijk al heel lang geleden, toen wilde ik toen ik van school kwam naar de kunstacademie. Maar mijn ouders zeiden, 'dat moet maar niet, je moet een vak leren'." Dêrom is se doe it ûnderwiis yn gongen. "Maar tijdens het lesgeven was altijd het idee, ik ga toch tekenen leren, ik ga etsen leren. Allerlei creatieve dingen deed ik ernaast. Tot ik 20 jaar geleden dacht, ik stop met onderwijs en ga beginnen met iets creatiefs."

'Daar is nog helemaal niets'

Wat oft dat "creatiefs" dan wurde moast, ûntduts se op in evenemint yn Amsterdam. "Ik was daar bij een expositie van Hanna Roet, die had daar stijlkamers. Die zei 'waar woon je'? In Friesland, zei ik. Toen zei ze 'daar is nog helemaal niets, wil je wat beginnen?' Met die gedachte ging ik naar huis."
Se hat yntusken in hiele samling lyts guod yn in eardere hynstestâl. Der steane ûnder oare lytse taffeltsjes, potten en pantsjes en sels lytse fleskes Bearenburch, alles is op skaal. "Er is een echtpaar dat daar veel plezier aan heeft en heeft ontdekt dat dat heel leuk is om de juiste drankflesjes na te maken. En dat zijn een biologielerares en een advocaat."
Hanneke Hofstra oer har poppehûzen op skaal
10:25

Survivalje by omnisportferiening UDIROS

Trainer Ydo de Vries mei trije survivalers © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Om it sportkompleks fan UDIROS hinne is in survivalbaan. Claudet is ien fan de bern dy't op survival sit en is loovjend oer de feriening: "Je hebt met survival allemaal verschillende hindernissen, je kan telkens weer verschillende combi's maken. Je leert al deze hindernessen met super leuke trainers op een super leuke club."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort op de survivalbaan
09:04

Brûzend doarpslibben

Jappie Kuiper © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Njonken it bekende Flaeijelfeest hawwe Ald- en Nijhoarne neffens Jappie Kuiper alles watst nedich hast yn in doarp. "Foar de leefberens yn it doarp is in hiel soad nedich, en wy ha in hiel soad dingen dy't dêr ta bydrage kinne. Wy ha in supermerk, in húsdokter, wy ha in doarpshûs dat goed draait en dat is ek al hast unyk yn dizze tiid. Wy ha in bloeiende sportferiening Udiros, in moaie sporthal, brânwacht, ambulânse, wy ha twa skoallen."

Natuergebiet mei heide

By it twillingdoarp leit boppedat in natuergebiet de Kiekenberg. "Dêr is noch in stikje heide. It is net sa grut, mar it is heide, sa't dat eartiids wie. It is wat gloaiend, de Kiekenberg. It is wat heger, noch in stikje sa't dat eartiids wie, as lyts jonkje boarten wy dêr altyd."
Klaas Zoetedal, Antoon de Wit en Pieter Haantjes © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Jappie Kuiper oer Nijhoarne en flaeijelslaan
tongersdei 26 augustus 2021
08:00

Goeiemoarn!

It is alwer de sânde - en lêste - wike fan Simmer yn Fryslân! Omrop Fryslân docht sân wiken lang ferslach fan alle simmerske aktiviteiten en sport yn Fryslân. Wy strike del yn ferskate doarpen en stêden. Hjoed binne we yn Ald- en Nijhoarne!

Simmerblog

Oerdeis is alles te folgjen op de radio, mei ferskate bydragen yn alle programma's. Online is it ek te folgjen yn dit simmerblog mei bydragen en foto's. Om 17.15 oere, en dêrnei yn de werhelling, is Simmer yn Fryslân mei it doarp fan de dei op telefyzje te sjen.
Tongersdei wienen we op De Jouwer. Alles noch efkes neilêze? Dat kin hjir.
© Omrop Fryslân