Sprieding is it kredo by 'De weken van de Admiraal' yn Dokkum

Dit jier binne der gjin Admiraliteitsdagen yn Dokkum. Dochs woe de organisaasje it net samar foarby gean litte. Dêrom binne it fan 28 augustus oant en mei 3 oktober 'De weken van de Admiraal'.
Jan-Michiel van der Gang fan de organisaasje fynt it spitich dat se net dwaan kinne wat se oars dwaan soenen, mar hy wol benammen sjen nei wat der wol kin.

"Sprieding is it kredo"

"De reade tried is dat der gjin poadiumaktiviteiten binne, dus net in hiel soad minsken op ien punt op ien momint. Sprieding is it kredo", seit Van der Gang.
Om dat te berikken, besiket de organisaasje it troch hiel Dokkum smûk te meitsjen. "Gewoanwei konsintrearret it him op twa punten. Dat sil no net gebeure. De stêd hat fansels hiel wat moaie strjitsjes om te besjen. Wy sille der alles oan dwaan om de minsken sa te fersprieden."
De aktiviteiten binne boppedat oer meardere wiken ferspraat. Sa tinkt de organisaasje dat der net te folle minsken byinoar komme yn de binnenstêd.

Foar de sponsors en frijwilligers

De foarnaamste reden om no dochs wat te organisearjen is neffens Van der Gang om de sponsors en de frijwilligers dochs wat te bieden. "Dy groep wolle wy hiel graach byinoar hâlde om yn 2022 de organisaasje fan de Admiraliteitsdagen wer mooglik te meitsjen."
De wiken fan de Admiraal sette sneon útein en duorje oant en mei 3 oktober.