Teäterproduksje FLOED by Woudagemaal útsteld nei 2023

De teäterproduksje FLOED by it Woudagemaal op De Lemmer is útsteld nei septimber/oktober 2023. Dat is dien op grûn fan de oanpaste coronamaatregels dat besikers sitte moatte.
© Floed
Dat past net yn it konsept fan de foarstelling om't besikers kuierjend it ferhaal fan FLOED belibje. It sitten docht ôfbrek oan de kwaliteit fan de foarstelling. Dêrom is besletten om út te stellen.
It ferhaal oer de magy en krêft fan wetter heart by it 100-jierrich jubileum fan it gemaal. Dat wie pland foar oktober 2020 en wie troch corona al in jier ferskood nei no septimber.
Al twa jier wurken spilers en muzikanten oan de produksje. Dat it no nei 2023 ferskood is, komt om't takom jier de kulturele aginda yn Fryslân al hielendal ynfolle is mei ferpleatste eveneminten.
Mei elkoar wienen 2.200 kaarten ferkocht. Tagongskaarten bliuwe jildich foar de nije foarstellingen.
Theo Smedes oer it beslút