Tarieding reedriders op Spelen yn 'e hobbel: "Sûnder faksin stiest mei 3-0 achter"

De tarieding op de Olympyske Winterspelen fan de reedriders yn Thialf komt yn gefaar, salang't der gjin goede ôfspraken binne oer test- en faksinaasjebelied ûnder de riders. Dat seit âld-rider Douwe de Vries, dy't no foarsitter is fan de atleteferiening by it nasjonale en ynternasjonale reedrydbûn.
Reedrydploech Jumbo oan it trainen yn Thialf © ANP
Dizze wike is yn Thialf in training foar de ploege-efterfolging stillein, skriuwt it deiblêd AD. Guon riders soenen net traine wolle mei riders dy't noch net faksinearre binne.
Ferskate riders fan de twa grutste ploegen, Jumbo-Visma en Reggeborgh, ha noch gjin faksin naam. Dy litte har wol geregeld teste en dus soe der gjin probleem wêze. Mar net alle riders binne it dêrmei iens.

Gjin dielname by positive test

"De feilichheid en sûnens is ien kant fan de diskusje", seit De Vries. "Mar der is in grutter probleem: ast besmet bist, dan kinst net meidwaan."
Douwe de Vries jout in presintaasje oan politisy yn Thialf © ANP
Wa't faksinearre is, hat folle minder kâns om besmet te reitsjen. Der bliuwt in lytse kâns dat je wol posityf teste. Nije mutaasjes fan it firus bringe de feilichheid ek yn gefaar. Neffens De Vries is de bêste oplossing yn it reedriden om elkenien noch foar de trainingen te testen.

Protokol nedich

Dy hurde ôfspraken binne der no net. "Dêrom moat der in goed protokol op Thialf komme: wat dogge we wol en wat net? Want sokke ynsidinten as dat fan dizze wike, mei de training dy't stillein is, dêr sitte je net op te wachtsjen."
De measten libje net mear sa foarsichtich, dat moat eins wol.
Douwe de Vries oer reedriders
It wurdt in drege tiid foar de riders. "De sporters libje yn in wrâld dy't hieltyd mear iepen giet. Mar de atleten moatte noch hieltyd yn in 'bubbel' libje. Want as je it firus by je drage, dan meist net reizgje. Riders moatte dus hiel strang wêze, hielendal as de toernoaien tichterby komme. Mûlkapkes op dwaan en net nei freonen en famylje."
Dêr moatte de riders noch wol in stap yn sette, sjocht De Vries. "De measten libje net mear sa foarsichtich, dat moat eins wol."

3-0 achter sûnder faksin

En yn oanrin nei de Spelen, takom febrewaris yn Sina, wurdt it hielendal spannend. "Sina is der hartstikke hurd yn", neffens De Vries. "Se meie sporters net wegerje as dy net faksinearre binne, mar se meitsje it je dan net maklik. Dus dat sis ik ek tsjin de riders: tink dêr ek oan ast twivelest oer in faksin. Want sûnder faksinaasje kinst foar drege situaasjes komme te stean. En dan bist miskien op de Spelen, mar dan stiest al mei 3-0 achter en kinst net prestearje."
Douwe de Vries
De reedrydwrâld is yn tarieding op it olympyske seizoen. Oer goed oardel moanne is de earste grutte wedstriid, de NK ôfstannen. Ein desimber is it Olympysk Kwalifikaasje Toernoai. De Olympyske Spelen yn Peking binne fan 4 oant en mei 20 febrewaris takom jier.