Swimster Liesette Bruinsma wint paralympysk sulver op 400 meter frije slach

Swimster Liesette Bruinsma hat tongersdei sulver wûn op de 400 meter frije slach op de Paralympyske Spelen yn Tokio. It goud gong yn in wrâldrekôr nei de Amerikaanse Anastasia Pagonis.
Liesette Bruinsma in Tokio © ANP
Pagonis naam yn de finale fan de kategory S11 al gau in foarsprong op de 20-jierrige Bruinsma. De swimster fan Wommels hie it dreech om middenyn de baan te bliuwen. Uteinlik tikke Pagonis oan nei 4.54,49, Bruinsma nei 5.05,34.
Yn de searjes swom Bruinsma earst in olympysk rekôr (5.10,33), mar dat wie se ek al frij gau wer kwyt oan Pagonis, dy't 4.58,40 swom. Dat wie doe in nij wrâldrekôr, dat earst op namme fan Bruinsma stie. Yn de finale skerpe Pagonis har nije wrâldrekôr fierder oan.
Bruinsma wie yn 2016 mei fiif medaljes (twa kear goud, ien kear sulver, twa kear brûns) de meast suksesfolle paralympiër fan de Spelen yn Rio de Janeiro.
Liesette Bruinsma komt noch fjouwer kear yn aksje: freed 27 augustus (50 meter frije slach), moandei 30 augustus (200 meter wikselslach), woansdei 1 septimber (100 meter skoalslach) en freed 3 septimber (100 meter frije slach).
It sulver fan Bruinsma is de twadde Fryske medalje op dizze Paralympyske Spelen. Woansdei wûn baanhurdfytser Tristan Bangma goud.