Provinsje wol goed foarbyld jaan mei elektrysk ynspeksjeskip

Wurkskippen fan oerheden en bedriuwen sille hieltyd faker elektrysk wurde. Dat tinkt direkteur Jelle Talsma fan skipswerf Talsma yn Frjentsjer. De provinsje Fryslân wol it goeie foarbyld jaan mei it nije elektryske ynspeksjeskip PW10. Dit fyftjin meter lange skip fan Provinsjale Wettersteat waard woansdei yn Frjentsjer mei in flesse sjampanje doopt troch deputearre Avine Fokkens.
It skip makket hast gjin lûd:
"Hij is hartstikke stil, hij glijdt geruisloos door het water", seit Fokkens. De provinsje is der fierder ek grutsk op dat it skip yn Fryslân ûntwikkele en boud is troch in Frysk bedriuw en boppedat tige duorsum is.
"Met dit schip willen we echt het goede voorbeeld geven. Het is nog steeds wat duurder dan een schip met een conventionele motor, maar het is wel de kant die we op willen en je kunt bezuinigen op brandstof."

Tolve oeren farre

Skipswerf Talsma hat it skip yn ien jier tiid boud foar 1,6 miljoen euro en is grutsk op it resultaat. Neffens direkteur Jelle Talsma hoecht de provinsje der net benaud foar te wêzen dat it skip, lykas guon elektryske auto's, al nei in pear oeren farren wer oan de lader moat: "Yn gewoan tempo kinne je hjir sawiesa tolve oeren mei farre."
It elektryske ynspeksjeskip fan Provinsjale Wettersteat © Omrop Fryslân
De PW10 fan de provinsje is it tredde elektryske skip dat Talsma makket, mar dêr bliuwt it net by. "Wy hawwe opdrachten lizzen foar twa rûnfeartboatsjes en twa triuwboaten foar Amsterdam en noch ien foar in grutter rûnfeartskip. Ik ferwachtsje dat dizze trend wol trochset", sa seit Talsma.

Stevich easkepakket

Stjoerman Peter Scholte fan de PW10 fertelt dat it skip geskikt wêze moat foar de marren, mar ek foar de lytsere fearten en kanalen fan Fryslân. Nei de earste proeffearten is er entûsjast wurden. "Hij navigeert fantastisch. Met dit schip kunnen we ook door de noordelijke elfstedenroute varen."
It easkepakket foar de skipswerf wie dan ek stevich, it skip moat ûnder de measte brêgen troch kinne en mei ek net te djip stekke. Oan al dy easken foldocht it nije skip. De echte earste proef is al it kommende wykein. Dan sil de PW10 yn ien kear op de elektryske motor nei Lauwerseach farre, in tocht fan in oere as acht.
"Er is trouwens nog steeds een conventionele standby-motor voor noodgevallen", fertelt deputearre Avine Fokkens. "Maar het is de bedoeling om die zo weinig mogelijk te gebruiken."
Jelle Talsma fan de skipswerf yn Frjentsjer