Rûnwei Dokkum wurdt oanpast foar hurdfytsetappe Benelux Tour

De Rondweg Noord yn Dokkum wurdt folslein oanpakt foar de Benelux Tour dy't kommende moandei plak fynt. Alle obstakels en drompels yn en oan de dyk wurde fuorthelle. De gatten dy't oerbliuwe wurde tichtmakke mei beton.
Rûnwei Dokkum wurdt oanpast
Meardere gemeenten en Provinsje Fryslân ha derfoar soarge dat de finish fan de earste etappe fan de hurdfytswedstriid yn Dokkum wêze sil en dat freget nochal wat tarieding. "Er zijn bepaalde eisen aan verbonden dat alles vlak moet zijn", fertelt útfierder Wybe Sierksma fan KWS Infra.
Dizze wike is de rûnwei ôfsletten en wurdt der hurd wurke. Tongersdei wurde de gatten yn de dyk tichtmakke mei asfaltbeton en dan is de dyk klear foar gebrûk. Sierksma: "De grootste uitdaging is dat we op tijd klaar zijn, maar we lopen mooi op schema."

Yn âlde steat werom

Nei de tocht wurdt alles wer yn âlde steat werombrocht. "Over een paar maanden lijkt het net alsof er niks is gebeurd", seit Sierksma. De kosten fan de wurksumheden rinne op ta likernôch 30.000 euro. Dizze komme foar in part foar rekken fan de organisaasje.
De start fan de etappe is moandei yn Surhústerfean. Fan dêrút fytse de dielnimmers yn sawat 170 kilometer nei Dokkum. Under oaren Mathieu van der Poel en Tom Dumoulin dogge mei.