Fytscrossklup Noardburgum út op mear lanlik sukses, mar startheuvel moat heger
Fytscrossklup FCC de Heideclub yn Noardburgum set de skouders derûnder en wol lanlik wer meidwaan om de prizen. It talint is der wol, mar de baan is noch net yn oarder. Mei in grut ferskaat oan aksjes besiket de klup de lêste 10.000 euro op te heljen, om benammen de startheuvel heger te meitsjen.
Hiel maklik is it net om sa'n heuvel te ferheegjen:
"De startheuvel is acht jier lyn makke en doetiids wie sa'n heuvel lanlik yn trochsneed sa'n 3 oant 4 meter heech", leit foarsitter Johan Timmermans út. "Wy sjogge no dat as ús bern lanlik wedstriden ride, dat dêr dy startheuvels minimaal 5 meter heech binne. Dêrtroch lizze ús bern nei de start gelyk achterop, omdat ús bern dan wat benaud binne om der by del te fytsen."

It is gjin kwestje fan in bulte sân derby en it is klear. De heuvel moat oan alle feilichheidseasken foldwaan. Boppedat moat der ek in grut starthek op. De heuvel moat no 5,5 meter heech wurde.
Tokio
De klup hat de iennige fytscrossbaan yn hiel Fryslân en fernimt dat mear minsken ynteresse krije yn de sport. Dat komt benammen troch de olympyske suksessen fan de Nederlânske fytscrossers yn Tokio by it BMX'en. Yn Tokio helle Niek Kimmann goud. Ofrûne wykein waard hy ek nochris wrâldkampioen.

It doel is úteinlik "dat wy ek wer meidwaan kinne as Fryslân", seit Timmermans, dy't der alle fertrouwen yn hat dat it slagget de baan te fernijen. De ôfbraak fan de hjoeddeistige startheuvel is ek al úteinset. Timmermans: "Wy stribje dernei dat yn oktober dit jier alles klear wêze moat."