FIDEO: Wâldsein makket de skea op nei wetteroerlêst troch fûle reinbuien

Wa't moandei nei it moaie waar bûten seach koe der hast gjin foarstelling fan meitsje dat it snein sa dweiltrochwiet wie yn dielen fan ús provinsje. It súdwesten fan Fryslân waard it hurdst troffen. De wetteroerlêst yn benammen Wâldsein wie sa slim dat de ynwenners der ek moandei noch de hiele dei drok mei wienen. Yn it doarp foel yn in pear oeren safolle rein as gewoanwei yn in hiele moanne falt.
Wetteroerlêst