Ype Albada hie in rekôr yn de reinmjitter: "Ik bin net sa'n rekôrjager"

De swiere reinfal fan snein hat in nij Frysk rekôr opsmiten. Yn Laaksum waard 123 milimeter metten. Noch noait foel yn Fryslân op ien dei safolle wetter. Waarman Ype Albada hie dat rekôr te pakken, hoe sjocht er dêrnei? En waarhistoarikus Klaas Ybema sjocht in nije trend yn it waar.
De reinmjitter fan Ype Albada yn Laaksum © Ype Albada
Waarnimmer Ype Albada hat it rekôr metten. "Uteinlik is it sels 125 milimeter wurden, want jûns hat it ek noch reind." Hy wie der net wiis mei. "Laaksum is mar in lyts plakje en alles stie blank."
It rekôr docht him net safolle "Ik bin net sa'n rekôrjager. De rein hie om my net hoegd. It falt en dan mitte je it. Yn 2002 foel yn de moanne augustus 187 milimeter en de teller stiet no op 179 en der komt de kommende dagen neat mear by."
It wie ommers frij drûch, dus koene wol wat brûke, mar safolle hoegde no ek wer net.
Ype Albada

Digitale apparatuer koe it net byhâlde

Al sûnt 1990 hâldt er him dwaande mei it waar. "Dat doch ik mei in offisjele reinmjitter, dy't se ek by de KNMI brûke. It is in opfangbus en dy jitst leech yn in mjitglês. Der kin 60 milimeter yn, dus juster rûn it oer in oar kompartimint." It reinde sa bot dat de digitale apparatuer it net byhâlde koe. "Dat binne twa leppeltsjes, dy gean hinne en wer. It gie fierstente hurd."
Al it wetter wie frij gau wer fuort. "It wie ommers frij drûch, dus koene wol wat brûke, mar safolle hoegde no ek wer net."
Ype Albada
© CAMJO Media

Hoe sjocht de waarhistoarikus dernei?

"Sa'n rekôr komt altyd as in ferrassing", seit waarhistoarikus Klaas Ybema. "It wie wol dúdlik dat der in soad falle soe, dat wie oankundige, mar in rekôr is altyd in ferrassing. Je witte noait wannear't der safolle reinwetter komt."
It âlde rekôr wie noch mar fjouwer wiken âld. "Doe foel 113 milimeter, by Sumar en dêrfoar wie it njoggen jier lyn: op 31 augustus 2012 foel 110 milimeter yn Sint-Anne. Dêrfoar wie it rekôr al sa'n 15 jier âld."
We sjogge dat pleatslik de ekstreme delslach tanimt. It is in trend.
Klaas Ybema

Ekstremen nimme ta

Neffens Ybema nimme de ekstremen ta. "Yn de jierren 1950/1960 kaam yn hiel Nederlân de delslach mar in kear as fiif, seis boppe de 50 milimeter. De measte jierren komt it sa'n 10, 12 kear foar. Juster wie it al de santjinde kear dat it foarkaam yn Nederlân. Dat is dus ek in rekôr. We sjogge dat pleatslik de ekstreme delslach tanimt. It is in trend."
Ek de kâns op drûchte en perioaden mei hyt waar nimt ta. "De lêste trije simmers wie dat sa. Dit jier ha we dat net, no ha we in wolkbrekkesimmer. It is no in griene en groeisume simmer, ferline jier wie it sa hyt, drûch en toar. Elke simmer is wer oars."

Klimaatferoaring

Makket Ybema him soargen? "Op koarte termyn net. Op lange termyn moatte we ús dêr wol soargen oer meitsje. It hat yndirekt mei klimaatferoaring te meitsjen, it wurdt waarmer en wieter. Mar ek drûchte en hjitte nimme ta. De ekstremen nimme ta. Dêr moatte we wat oan dwaan en de oarsaak oanpakke."
Klaas Ybema