Reedrydster Femke Kok bliuwt langer by Reggeborgh
Femke Kok rydt ek de kommende jierren foar team Reggeborgh. De 20-jierrige reedrydster hat har kontrakt iepenbrutsen. It rint no oant de ein fan 2024.

Kok wûn it ôfrûne seizoen by de WK ôfstannen sulver op de 500 meter. "It is in grut komplimint dat je sa'n lang kontrakt oanbean krije. Dêr blykt wol út dat se in protte fertrouwen yn my ha", seit Kok.
Reggeborgh makke ek bekend fjouwer jier langer troch te gean as sponsor fan de ploech, oant en mei 2026. "Dat is goed foar it team, mar ek foar it reedriden yn it algemien", seit Kok.