Johnny Jansen fynt SC Hearrenfean noch "broos"

Trainer Johnny Jansen fan SC Hearrenfean sjocht mei mingde gefoelens werom op de wedstriid fan syn alvetal tsjin RKC. Jansen seach in goede earste helte, mar neffens him stutsen syn spilers der nei it skoft te min enerzjy yn.
© Orange Pictures
SC Hearrenfean wûn sneon mei 3-2 fan RKC Waalwijk. By it skoft wie it al 3-0, mar yn de twadde helte waard it dochs noch spannend. Jansen dêroer: "60 minuten heb je het helemaal onder controle en dan stop je er daarna iets minder energie in en dan zie je ook dat we niet zo goed meer zijn."
Johnny Jansen oer Hearrenfean - RKC
Yn de earste helte hat Jansen genoaten. It publyk waard fermakke: "In de pauze zei ik ook: mannen, als je dit door blijft zetten, dan krijg je echt binding met het publiek. Dan gaan ze echt 90 minuten lang het stadion op zijn kop zetten. En dat willen we toch", seit Jansen.
Jansen woe Mitchell van Bergen, dy't nei alle gedachten fuortgiet by Hearrenfean, ôfskied nimme litte fan it publyk. Dat barde op it lêst net: "Als jij met nog een minuut of tien 3-0 voor staat, dan is het niet zo moeilijk: dan gun je Henk een publiekswissel en dan kan Mitchell nog even voetballen. Maar het was 3-2 en dan wil je gewoon geen risico's nemen. Er stond nog veel te veel op het spel. Maar ik had het hem zeker gegund."

"We waren heel lekker aan het voetballen"

Yn it ferline wie Joey Veerman wol gauris ûntefreden oer de wize fan spyljen fan Hearrenfean. Dat wie sneon yn de earste helte net sa: "Nu had ik het gevoel dat we met zijn allen wel heel lekker aan het voetballen waren."
Joey Veerman seach mei bewûndering nei de twadde goal
Veerman seach mei bewûndering nei de twadde goal: "Dat was een wereldgoal, zeker weten. Die assist, ik denk dat alle 15.000 mensen niet verwacht hadden dat hij dat lobje zou geven, ik ook niet."
De middenfjilder hopet dat Hearrenfean de line fan de earste helte trochlûke kin nei takom wike snein as Hearrenfean it opnimme sil tsjin AZ.