Ien goede helte is genôch foar Hearrenfean tsjin RKC

SC Hearrenfean hat de twadde wedstriid fan it seizoen mei 3-2 wûn fan RKC Waalwijk. Henk Veerman skoarde twa kear en Tibor Halilovic makke der ien.
© Orange Pictures
It earste gefaar wie fan Hearrenfean. Earst ferdwûn in kreake skot fan Rodney Kongolo krekt njonken de goal. Yn de hoekskop dy't dêrop folge kopte Sven van Beek de bal ek njonken.

Strafskop benut

Nei goed tsien minuten waard Henk Veerman de djipte yn stjoerd troch Siem de Jong. Veerman waard fan de bal ôfgliden troch Ahmed Touba. Veerman woe in penalty, mar skiedsrjochter Marc Nagtegaal fûn it yn earste ynstânsje neat. Op advys fan de VAR joech de skieds dochs in strafskop. Henk Veerman wie koel fanôf de stip: 1-0.
Henk Veerman is bliid mei de 1-0 © Orange Pictures
Siem de Jong liet yn de 30ste minút in kâns op de 2-0 lizze. Ien op ien mei doelman Pereira fan RKC skeat er yn it sydnet. In minút letter wie it wol raak. Mei in tûk lobke sette Filip Stevanovic Halilovic allinnich foar de keeper. De middenfjilder nam de bal yn ien kear op de pantoffel en liet Pereira kânsleas: 2-0.
Hearrenfean bleau de boppelizzende partij en krekt foar it skoft krige Hearrenfean in frije traap oan linkerkant fan it fjild. Joey Veerman krulle de bal op de holle fan Henk Veerman. De Volendammer kopte de bal fan tichtby hurd yn de goal: 3-0.

Hearrenfean rekket it kwyt

Nei it skoft barde der lange tiid neat, mar yn de 68ste minút die RKC dochs wat werom. Ald-Hearrenfeanspiler Jens Odgaard helle út fan de râne fan it strafskopgebiet en liet Erwin Mulder kânsleas: 3-1.
Nei de goal hie Hearrenfean it dreech. RKC wie driigjend mei in ôffallende bal, mar it skot fan Ayman Azhil ferdwûn oer de goal. Yn de 77ste minút wie Lennerd Daneels mei in frije traap hiel tichtby 3-2. Syn knal bedarre lykwols op de latte.
Yn de 84ste minút kaam Lucas Woudenberg yn it fjild. It wienen syn earste minuten nei de blessuere dy't de ferdigener oprûn yn de earste oefenwedstriid fan de tarieding op dit seizoen.
Krekt foar it yngean fan de blessueretiid waard it noch hiel spannend yn it Abe Lenstra Stadion. Alexander Büttner joech de bal foar en Richard van der Venne kopte knap binnen: 3-2. Gelokkich foar Hearrenfean bleaun it dêrby.
SC Hearrenfean - RKC Waalwijk 3-2 (3-0) 14. Henk Veerman (pen.) 1-0, 31. Tibor Halilovic 2-0, 44. Henk Veerman 3-0, 68. Jens Odgaard 3-1, 89. Richard van der Venne 3-2
Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Van Ewijk, Van Beek, Dresevic, Kaib; Kongolo, De Jong (84. Woudenberg), J. Veerman; Stevanovic (75. Nygren), H. Veerman en Halilovic (88. Shopov).