Kampioen Walinga wint opnij yn WK Frysk damjen, mar 9e partij wol dreech

Marten Walinga wist ek yn de njoggende partij Folkert Groenveld te ferslaan. De stân nei de partij is 7,5 tsjin 1,5. Der binne noch twa wedstriden te gean, mar Walinga pakte tongersdei yn prinsipe de wrâldtitel al. Groenveld kin Walinga net mear efterhelje, mar de partijen wurde wol útspile.
© WFD
Foar beide manlju jildt dat de partij fan freed in dregen wie. Der waarden lang net altyd goede setten fûn. Ut in analyze die bliken dat der 18 grutte flaters yn de partij makke waarden, troch Groenveld krekt ien mear as syn tsjinstanner.

Drege partij

Mei de 44ste set sloech Groenveld ferkeard, dêrmei wie de wedstriid ek fuortendaalks ferlern. Foar de taskôgers wie it wol in moaie partij en beide spilers kamen nei ôfrin ta de konklúzje dat it spul dreger wie as dat sy sels tocht hiene.
Sneon is de 10e partij om 14.00 oere en snein folget noch in lêste partij om 10.00 oere mei dêrnei in slutingsseremoanje.
Folkert Groenveld
Groenveld fertelde freed earder dat er wol baalde dat er it kampioenskip al ferlern hat. "Je dogge net mei om te ferliezen. Mar je moatte der mei om gean kinne, en wy moatte noch in pear partijen. Dus de bedoeling is wol om de kampioen goed yn 'e bealch te biten."

Mear pit

Sels tinkt er dat er mooglik wol wat te leaf en te maklik west hat. "En miskien de spanning der by. Ik haw wol in goede tarieding hân, mar ja: efterôf is it maklik praten. Efkes in momintsje de kop der net goed by en bliksem: dêr geane je."
Dochs spilet Groenveld de folsleine striid út. "As je der gjin nocht yn hawwe dan binne je it boerd ek net wurdich, no."