Organisaasje klear foar Benelux Tour: "De minsken kinne wol komme"

De Benelux Tour, in grutte ynternasjonale hurdfytswedstriid set op moandei 30 augustus útein yn Surhústerfean. It organisearjen fan sa'n evenemint yn coronatiid is net ienfâldich. Dochs seit it Wielercomité Surhústerfean der klear foar te wêzen.
In argyffoto fan de start fan de Profronde fan Surhústerfean yn 2018 © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
"Wy witte wat we dwaan moatte", seit Albert Helfrich, foarsitter fan it Wielercomité Surhústerfean. "We hawwe it allegear foar elkoar: ferkearsregelers, frijwilligers. Wy binne der klear foar, dus de minsken kinne wol komme."

Publyk op oardel meter

By de Benelux Tour is publyk 'gewoan' wolkom. By de presintaasje kinne taskôgers net by de hurdfytsers komme, mar se kinne der wol nei sjen. Ek by de koers sels hat de organisaasje maatregels nommen: "De start en de sprint yn de twadde ronde binne no op de Jan Binneslaan en dêr kinne in soad minsken stean", seit Helfrich.
Der is gjin maksimum oantal taskôgers, mar it publyk moat wol oardel meter ôfstân fan inoar hâlde. Neffens de foarsitter is dat gjin probleem: "It is in grut terrein, dus de minsken kinne in hiel ein út inoar stean. En it is ek mar de fraach oft der in protte minsken komme. It is op moandei en dan moat eltsenien oan it wurk, al komme de echte leafhawwers wol."

"Dit hawwe we mar wer"

Helfrich is bliid dat de Benelux Tour trochgiet: "Foar Surhústerfean is dit prachtich. We komme wer 'in the picture'. Der komme telefyzjebylden en dy wurde allegear ek útstjoerd."
Op 2 oktober stiet foarearst de Profronde ek noch op it programma: "Dy is foarich jier net trochgien, miskien dit jier wol. Mar dit hawwe we mar wer en dan kinne de minsken ek efkes sjen hoe moai oft Surhústerfean is."
Ferslachjouwer Mats Gies yn petear mei Albert Helfrich