Freedsmerk: "PvdA en GrienLinks yn ien fraksje? Se binne 'pluche-geil'!"

PvdA en GrienLinks krûpe inoar hieltyd mear oan yn de kabinetsformaasje. As VVD en CDA net mei twa linkse partijen yn in kabinet wolle, binne se sels ree om de fraksjes gear te smiten, sa liket it.
© Omrop Fryslân, René Koster
Is dat linich sykje nei in oplossing foar de formaasje? Of jo eigen prinsipes loslitte om mar op dat plús te kommen?
Op de Ljouwerter freedsmerk hiene se der net folle fidúsje yn. "Wat binne jo prinsipes dan noch wurdich? Foar de ferkiezingen bekfjochtsje se inoar ôf en no kinne se wol mei inoar!"
Oaren neamden it in foarbyld fan 'achterkamertjespolitiek' en 'paniekvoetbal om samen toch nog een beetje een stem te hebben'. Mar oare lûden wiene der ek: "Misschien is het een optie, ze moeten tenslotte toch wat, om er uit te komen."
En: "Het is slim onderhandelen, al moeten ze niet vergeten dat ze er mogelijk ook weer op worden afgerekend."
De meast útsprutsen reaksje gie oer it grutte ferskil tusken de beide partijen: "PvdA is dochs foar de arbeiders? En GrienLinks binne fan dy yntellektuelen. Dat past hielendal net by inoar!"
Reaksjes op der merk