Marten Walinga opnij wrâldkampioen Frysk damjen

Marten Walinga hat mei oermacht de wrâldtitel Frysk Damjen fan Folkert Groenveld wûn. Nei in oertsjûgende oerwinning yn de achtste ronde is de stân no 6.5-1.5. Mei trije wedstriden te gean kin Groenveld Walinga net mear efterhelje.
Marten Walinga (links) mei Folkert Groenveld © WFD
De lêste trije wedstriden wurde noch wol útspile. Dy hawwe krekt as de eardere wedstriden plak yn it stedhûs fan Harns.
Walinga krijt kommende snein de priis dy't heart by de wrâldtitel út hannen fan de boargemaster fan Harns, Ina Sjerps.
Mei Frysk damjen meist alle kanten op slaan: links, rjochts, achterút, foarút en skean.