Tal WW-útkearingen yn Fryslân fierder ôfnaam

Yn july naam it tal WW-útkearingen yn Fryslân fierder ôf mei 5,7 persint. Foar de seisde moanne op rige is der in delgong te sjen. Nei in sterke groei, feroarsake troch de coronakrisis, sit it tal WW-útkearingen no wer ûnder it nivo fan ein 2019.
It gebou fan it UWV yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk
Ein july wiene der 7.983 WW-útkearingen yn Fryslân. It gie dizze moanne om 2,4% fan de beropsbefolking. Yn ferliking mei de moanne derfoar gie it tal WW-oanfragen yn july mei 5,7 persint (481 útkearingen) omleech.
De delgong jildt foar hast alle sektoaren. Benammen yn de hoareka en de bou wie dizze trend te sjen. Allinnich yn it ûnderwiis waarden mear útkearingen oanfrege, mar neffens it UWV bart dat alle jierren. Dat komt troch de tydlike kontrakten dy't oan it ein fan it skoaljier beëinige wurde.

Under it nivo fan ein 2019

Ein july 2021 lei it tal WW-útkearingen in stik leger dan in jier earder (-29,5%). It tal lei sels wer ûnder it nivo fan foar de útbraak fan de coronapandemy, ein 2019.