Oranjewâld hat net echt in sintrum. Gjin tsjerke, gjin kroech. "We hawwe wol in moai doarpsskoaltsje, en in soad ferienings dy't wat leuks organisearje. Dat foarmet de kearn en de mienskip fan dit doarp", seit Helga Lycklama a Nijeholt, dy't in soad foar it doarp docht.
De pompeblêdfair dy't Helga organisearret, wurdt holden by restaurant Hof van de Koning, dêr't altiten in soad plak fynt. Op de fair komme alle kearen in soad ferskate standhâlders, mar it moat benammen lytsskalich bliuwe. "Der steane bygelyks minsken mei blommen, of de pleatslike skjintmespesjalist", seit Helga. Sels stiet se der ek, mei har sûkeladebedriuwke.
Mar se is mei noch wat hiel oars yn it spier: de Struuntocht, dy't op 20 novimber yn it doarp plakfine sil. Mei de tocht kinne de minsken aansten strune troch de bourren. "It moat troch it doarp gean, by minsken op it hiem", seit se oer de tocht. "Mei minsken dy't saken sjen litte wolle, minsken dy't muzyk meitsje, allegearre ljochtsjes yn it doarp."
Helga Lycklama a Nijeholt Booi oer de Pompeblêdfair en de Struuntocht