Alden sneuvele Fryske militêr Afganistan: "Wat hat it no jûn?"

Hans en Marjan Poortema belibje dizze dagen de dea fan harren soan Aldert en alle emoasjes dy't derby komme wer opnij. Militêr Aldert Poortema út Drylts kaam yn 2008 op 22-jierrige leeftiid yn Afganistan op in misje om it libben. "Je hoopje net dat alles foar neat west hat", sizze syn âlden.
"De stoel is altyd leech"
Yn it hûs fan de famylje Poortema steane noch altyd de oantinkens oan soan Aldert. Foto's hingje oan de muorre en plakboeken lizze yn de kast.
Yn jannewaris 2008 komt Aldert om it libben troch eigen fjoer. Hy is op misje om de Taliban te ferdriuwen út it lân. Nederlânske militêren meitsje troch it tsjuster in flater en iepenje it fjoer op eigen kollega's. Foar Aldert wurdt it fataal.
Ik bin gek mei myn oare bern, mar der is altyd in stoel leech en dy is dizze dagen ekstra leech.
Hans Poortema, oer it missen fan syn soan Aldert
It nijs oer it oernimmen fan de macht yn Afganistan troch de Taliban is in grutte klap yn it gesicht fan heit Hans en mem Marjan. "Je wurde wer mei de noas op de feiten drukt. De stoel fan Aldert bliuwt altyd leech", seit Hans.
"It gemis komt dizze dagen ek krekt efkes wat ekstra nei boppen. It is altyd leech, mar dat is oeral dêr't je komme. It libben giet hiel gelokkich goed, foar safier't it kin. Ik bin gek mei myn oare bern, mar der is altyd in stoel leech en dy is dizze dagen ekstra leech. Dêr moatte je mei libje, je ha gjin keus."
Aldert Poortema © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
"Je witte dat hy dêr foar in misje hinne gongen is, en no sjogge je dit", ferfolget Hans syn ferhaal. "It bekrûpt je dan somtiden wol as je de bylden sjogge. Dan tinke je by jinsels: tweintich jier en wat hat dit no jûn? De Taliban walst der sa oerhinne. Mar, sa moatte je net tinke."
Mem Marjan falt har man daliks by. "We ha der wol tweintich jier west en dan ha we wol wat betsjut. Der is in nije generaasje kommen en dy hat frijheid hân. Hooplik hawwe sy dat net ferjitten en nimme dy minsken dat mei. Dat sy yn opstân komme en net samar dy frouljusjochten fuortsmite litte."
"Je wolle der net oan tinke dat it foar neat wie"
Hans en Marjan binne noch altyd dwaande mei Afganistan. Yn 2010 ha se der west om te sjen hoe't harren soan libbe hat. Se folgje it nijs op 'e foet en binne lilk op de aksjes fan de politisy.
"Biden hat oanjûn fuort te gean en dêrtroch koe de Taliban der al op taspylje. Sy ha neat dien om in goeie tsjinstanner op te bouwen. Sy ha 'miskleund'. Wy kinne der net altyd bliuwe, mar it is te rap gongen. Wy binne lilk en fertrietlik, it rekket sa bot. Wy tinke oan ús Aldert. Mar ik bin ek grutsk op dat hy der west hat, dat hy dat lef hie. Mar ik tink ek oan al dy minsken en de eangst. Wy tinke foaral oan de earme befolking. Wy litte sy as in bakstien falle."
"Nederlân lit se as in bakstien falle"
Klik op it filmke hjirûnder om it folsleine ynterview mei Hans en Marjan Poortema te sjen.
Sjoch hjir it folsleine ynterview mei Hans en Marjan Poortema