RIVM meldt 69 nije besmettingen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 69 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne 8 mear as snein. Doe gie it om 61 besmettingen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 76 besmettingen meld yn Fryslân. Snein lei dat trochsneed ek op 76, in wike lyn wie dat ek 76.
De measte nije besmettingen binne registrearre yn de gemeente Ljouwert (17). Dêrnei komme It Hearrenfean (10) en Súdwest-Fryslân (9).
Fiif gemeenten melde gjin nije besmettingen. It giet om alle Waadeilannen en Harns.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Gjin stjergefallen, wol 3 sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne trije Friezen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. It giet om twa minsken út Dantumadiel en ien út Ljouwert.
Yn de Fryske sikehûzen lizze 15 pasjinten, seis dêrfan lizze op de ic.
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.275.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.