Skipfeart alarmearre foar persoan dy't by Flylân fan cruiseskip oerboard slein is

Rêdingsboaten fan Teksel, Flylân en Skylge binne alarmearre troch in cruiseskip op de Noardsee. Der soe in persoan oerboard slein wêze. It giet om cruiseskip MS Europa, dat hast 200 meter lang is en sa'n 400 passazjiers oan board hawwe kin. It skip fart sa'n 15 myl (sa'n 27 kilometer) noardwestlik fan Flylân.
MS Europe © Flickr.com (Ya, saya inBaliTimur)
Der is ek in helikopter fan de SAR (Search and Rescue) op it plak. Ek de Guardian fan de Kustwacht en de KNRM-rêdingsboaten Arie Visser en de Graaf van Bijlandt binne yn aksje kaam.
Op de lokaasje dêr't de persoan oerboard fallen is binne de weagen mear as trije meter heech. It skip wie ûnderweis fan Hamburg nei Antwerpen.

Oprop

De Kustwacht fan Den Helder alarmearret boaten yn de omkriten om út te sjen nei de persoan, dy't in blau shirt oan hawwe soe.
It skip is trochsocht en de fermiste persoan is dêr net oantroffen. De sykaksje giet fierder.
Goed healwei seizen melde de Kustwacht dat se om in oere of seis ophâlde mei de syktocht. "Voor de varende bemanning op de reddingsboten is het zoeken naar een drenkeling met deze zeegang zeer zwaar. Omdat de overlevingskans rond 18:00 verlopen is, is de planning dat rond deze tijd gestopt zal worden met zoeken."