Fryske apotekers wolle faker helpe by faksinaasjes: har stipe by corona befoel

De Friese Apothekersorganisatie wol ûndersykje litte oft apotekers yn de provinsje faker ynset wurde kinne by it faksinearjen fan minsken. Harren help yn de tarieding fan faksinaasjes yn de coronakrisis is goed befallen.
Apotekersassistinte Kyra Esméé Zwart fan apoteek De Drie Stellingen helpt by it faksinearjen yn Appelskea © Fototekst.nl
Neffens de Friese Apothekersorganisatie (foarhinne de Friese Apothekers Vereniging) hawwe de apotekers yn Fryslân in wichtige rol yn de coronakrisis spile. De apotekers waarden ynset fanwege kapasiteitsproblemen by GGD Fryslân. De gearwurking mei de GGD wie neffens de feriening unyk.

Frijwillich by priklokaasjes

Goed 100 apotekers hawwe tusken maaie en july sa'n 100.000 tariedingen foar faksinaasjes fersoarge. Apotekers koene har frijwillich oanmelde foar priklokaasjes yn Ljouwert, Drachten, It Hearrenfean, Frjentsjer, Appelskea, Snits, Koudum en Dokkum. Neffens de organisaasje wie der in soad maatskiplike belutsenens.

Pilot

De organisaasje seit ek dat it foar minsken leechdrompelich is om by de apoteker in prik te heljen. Sa kin der ek druk by de húsdokters weihelle wurde. De organisaasje tinkt dat Fryske apotekers faker helpe kinne by it setten fan prikken en wol dêrom in pilot om te sjen oft soks mooglik is.
Apoteker Rogier Hilbers
Foarearst is it noch net nedich, seit apoteker Rogier Hilbers. "In Fryslân hebben we het nu goed voor elkaar. Ik weet niet of er een derde vaccin aan komt tegen corona, maar er zijn ook andere prikken die volgens een bepaald systeem worden gegeven. Apothekers zouden daar een belangrijke rol in kunnen spelen. En in sommige wijken is de vaccinatiegraad laag, als apothekers zouden wij daarin een rol kunnen spelen, dicht op de mensen."