FIDEO: Tsjerketsjinst yn de Ontmoetingskerk op De Gordyk

Yn Fryslân ferfalle in soad tsjerketsjinsten yn ferbân mei it coronafirus. Om Friezen dochs in tsjerketsjinst meimeitsje litte te kinnen, stjoert Omrop Fryslân alle sneinen live in tsjinst út. Dizze snein komt de tsjinst út de Ontmoetingskerk op De Gordyk. De tsjinst begjint om 10.00 oere.
Foargonger is dûmny Piet Hulshof, oargelist is Hielke van der Meulen. De muzyk komt fan Jantje Jonkman (akkordeon), Eileen van Blerk (sang), Gretha Beeksma (sang), Gerben Bouma (sang), Henk Haarsma (sang) en dûmny Hulshof.
Klik hjir foar de liturgy fan dizze tsjinst.