Fiskers liede needklok foar takomst fiskerij mei protest op Iselmar

Sa'n tûzen fiskers protestearje sneon by Wynpark Fryslân yn de Iselmar tsjin wynmûneparken yn fiskwetters. Yn totaal farre hast sechstich Iselmar-, garnale- en Noardseekotters oer de Iselmar lâns de Ofslútdyk nei Breezanddijk. Under dy sechstich boaten binne ek njoggen Fryske fiskerskippen.
De fiskers fierden sneon aksje:
De aksjefierders wolle dat in nij kabinet mear om de belangen fan de fiskers tinkt en harren belûkt by de beslútfoarming fan bygelyks wynmûneparken. Net allinnich de hjoeddeiske fiskers wurde yn harren besteansrjocht bedrige troch alle maatregels, mar de folgjende generaasje krijt hielendal gjin kâns mear om fisker te wurden, sizze se.
Sa'n 700 fiskers farre moarns út Hylpen en Den Oever wei rjochting it grutte wynpark yn de Iselmar. De ferwachting is dat sawat 250 fiskers op de Ofslútdyk by Breezanddijk steane.

Politisy farre mei

De organisaasje hat ferskate politisy útnûge, ûnder wa Roelof Bisschop (SGP), Caroline van der Plas (BoerBurgerBeweging) en Jan Mulder (PVV), dy't op ferskate skippen meifarre en in petysje oanbean krije.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Mei-organisator en fisker Dirk Kraak seit dat Wynpark Fryslân útkeazen is "om te laten zien hoe groot windparken zijn en hoeveel ruimte die innemen". It park yn oanbou is ferbean gebiet wurden foar de fiskers. Neffens Kraak komme der tûzenen mûnen te stean.

Jonge fiskers

Benammen jonge fiskers mei in eigen bedriuw dogge mei oan it protest, seit Kraak. Sy sjogge harren takomst somber yn, want hieltyd mear fiskgebiet ferdwynt troch de parken.
Wynpark Fryslân © Yvonne van Driel
Ek hawwe de aksjefierders noed oer de effekten fan de parken op it wettermiljeu en de fisken. Neffens fisker Martijn van den Berg, dy't ek yn de organisaasje fan it protest sit, fernimme hy en syn kollega's no al dat de streaming fan it wetter feroaret troch de parken en dat der minder fisk fongen wurdt.

Needklok klinkt

In oar punt fan ûnfrede is dat garnalekotters fan 2023 ôf emisjeleas farre moatte. "Terwijl grote schepen dit niet hoeven te doen", seit Van den Berg. "Iedereen is het zat."
Op de Ofslútdyk liede de fiskers 'de needklok', dy't gewoanwei klinkt by rampen. Ek op de skippen bart it ien en oar, mar wat wol Van den Berg net sizze. "Dat is onze surprise act."
© Omrop Fryslân, Alle Faber

Trije kear troffen

Ien fan de Fryske aksjefierders is Hans Poepjes, fisker op de WON 77 fan Makkum. "Us wichtichste boadskip is dat de wynmûne ús eins trije kear treft. It park nimt romte yn dêr't we net fiskje kinne, der moat kompensaasje komme foar de oanlis fan in park, dat treft ús ek. En der is fûgelstjerte fan in wynmûnepark en fûgels ferdrinke yn netten. By de realisaasje fan in wynmûnepark moatte we dy minderje yn ús fergunning as beropsfiskers. It treft ús dus yn de fergunning trije kear."
Poepjes wol dat der sjoen wurdt nei de brûkers fan de Iselmar en Noardsee. "Dy ha ek besteansrjocht nedich." De aksje is neffens him nedich. "We missen 'daadkracht' oan tafel."
Fisker Hans Poepjes
© Omrop Fryslân, Remco de Vries