Bewenner trappearret trije ynbrekkers yn Ljouwert

In man út Ljouwert hat yn syn eigen hûs trije ynbrekkers trappearre. Doe't de ynbrekkers de man yn de gaten krigen, besochten se him oan te fallen. Dat meldt de plysje.
In buske fan de plysje © ANP
De ynbraak wie tongersdeitejûn, om healwei njoggenen hinne, yn in wenning oan de Gebroeders Wierdastrjitte yn Ljouwert.
Plysjeminsken ha twa fertochten oanholden. It giet om mannen út Utrecht, fan 53 en 55 jier âld. De plysje siket noch nei in tredde fertochte.

Buertûndersyk

De plysje is op syk nei minsken dy't wat sjoen ha, en ek nei kamerabylden. Omdat de fertochten út Utrecht komme, is de plysje ûnder oare benijd oft der yn de buert fan de strjitte in ûnbekende auto stien hat.
Spesjalisten fan de plysje dogge ûndersyk yn de wenning, en yn de omjouwing. Der wurdt ek buertûndersyk dien.