It swalkskûtsje Nooit Gedacht is op weromreis nei Koatstertille

It is de bedoeling dat it skûtsje Nooit Gedacht ein augustus út Parys wei oankomt yn Koatstertille. It waard dêr yn 1901 boud troch Joon Molles van der Werf. It skip giet werom nei syn berteplak en wurdt aanst part fan in wurkûnderfiningsprojekt.
Nooit Gedacht yn Parys yn 2018 © Foar de Neiteam
It skûtsje bedarre nei in soad omswalkjen yn Parys, dêr't er in bêd & brochje yn holden waard. De Frânske eigeners woenen fan it skûtsje ôf en fia Stichting Foar de Neiteam wurdt it op dit stuit nei Fryslân sleept.
"It sit no yn in streamfersnelling", seit wethâlder Harjan Bruining fan Achtkarspelen. "It hat efkes duorre foar't it mei corona en transportproblemen úteinsette koene, mar ik haw begrepen dat sy no yn België binne."

"Boppeslach"

De wethâlder leit út dat der yn Koatstertille al jierren ûnderfining mei wurkgelegenheidsprojekten is. "Mei it projekt Beurtschip liede wy minsken op mei in ôfstân ta de arbeidsmerk ta lasker. Wy hawwe der in soad sukses mei. Der binne al ferskate skippen oanpakt. Dit is fansels in boppeslach: dat in skûtsje dat ea yn Koatstertille boud is no werombrocht wurdt."

Oplieding en diploma

De bedoeling is dat de minsken dy't oan it skûtsje wurkje ek in laskdiploma helje kinne. "Wy binne in sertifisearre oplieder en de wurkjouwers hawwe grut ferlet fan harren. Ek de houtbewurking spilet der in rol yn. Wy krije in moai skûtsje werom en de minsken leare in fak. Wy hawwe foar partisipaasje in budzjet, dêr past dit projekt yn. Wy hawwe jild beskikber om minsken wer út de bystân te krijen."
Wethâlder Harjan Bruining fan Achtkarspelen
Achtkarspelen wol it skûtsje no bewarje. Bruining: "Wy wolle it skûtsje graach yn de regio hâlde. Wy ûndersykje oft der in stichting omhinne boud wurde kin dy't it behear en it ûnderhâld fan it skûtsje op him nimme kin. Der binne al wat stappen set om soks foarinoar te krijen. Hokker gemeente wol no net in eigen skûtsje hawwe?"

Stichting

Uteinlik moat sa'n stichting selsstannich funksjonearje kinne. "It soe moai wêze as it yn ús wetters bliuwt, dus wy wolle as gemeente graach meitinke en helpe. Mar it is wol de haadtaak foar sa'n nije stichting."
Skûtsje mei fracht troch de brêge by Bontebok © Foar de Neiteam