Brânwacht oerenlang dwaande mei poetsende boer

De brânwacht hat yn de omkriten fan De Harkema oerenlang ûndersyk dien nei in 'frjemde lucht' dy't rûkt waard op De Bosk en de Betonwei yn it doarp.
© Noordernieuws
De melding kaam nei middernacht. De heechwurker fan Drachten is ek oproppen. Dêrmei is ûndersyk dien op in dak fan in bedriuw. Dêr waard neat oantroffen.
Der soene minsken west ha dy't troch de lucht lêst fan de eagen krigen.
Nei mear as trije oeren kaam de brânwacht achter de oarsaak fan de geur. In boer hie syn stâl skjinmakke en luchtsje litten.
Neffens de gemeente Achtkarspelen hat de boer neffens de regels hannele. "Door de windstilte bleef de lucht in de omgeving hangen. De geur vormt geen gevaar voor de gezondheid van mensen en dieren. Het kan wel irriteren aan de ogen."