Spanning yn Wommels op Freuledei, mar foar Spannum is it gau oer

Spanning yn Wommels op dizze keatsdei, want alle jonges dy't meidogge, hoopje fansels de Freule te winnen. Sa ek it partoer fan Spannum, al witte se dat it in dreech ferhaal wurde sil. Yn de earste omloop treffe se Boalsert en dat is in goede tsjinstanner.
De dei fan de Freule
Fedde Hansma, Stijn Vincken en Niels de Boer stappe moarns om kertier foar achten op de fyts op wei nei Wommels. Dêr komt al aardich wat folk oan. De besikers moatte allegear de QR-koade sjen litte.
Dat giet goed, mar de papieren ferzje is somtiden wat dreger. Dochs bliuwt elkenien fleurich. De minsken binne bliid dat se wer nei de Freule kinne.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Dat jildt ek foar Habtamu de Hoop. It Twadde Keamerlid is frijwilliger by de Freule. Hy kontrolearret de tribune yn stee fan it regear. Neffens De Hoop, dy't sels twa kear op de Freule keatste, is it dé dei fan Wommels. "Ik wol der de hiele dei by wêze en neat misse".
En ek kommissaris fan de Kening Arno Brok is fan de partij. Hy jout de organisaasje kompliminten. It is neffens him goed foar de keatssport dat de Freule trochgean kin. Foarsitter Tjeerd Dijkstra nimt de kompliminten graach yn ûntfangst en is sels ek wiis mei it feit dat der publyk by wêze kin.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
En sa is elkenien fleurich yn Wommels op dizze dei. Al is it partoer fan Spannum gau klear, want yn de earste omloop fleane se der al út.
Se keatsten goed, fine se, mar wiene dochs in maatsje te lyts foar Boalsert. "Dat is bale", seit Fedde Hansma. "De Freule, dy wolle je dochs graach winne."
Iepening fan de Freulepartij © Omrop Fryslân, Simone Scheffer