Waadferiening: IPCC-rapport sketst noch minder byld foar it Waadgebiet

It IPCC-rapport oer klimaatferoaring sketst in noch minder byld foar it Waadgebiet as earder foarsein. Dat konkludearret de Waadferiening tiisdei.
It Waad by Koehoal © Remco de Vries
Yn it rapport fan it IPCC, in klimaatpanel fan de Feriene Naasjes, wurde ûnder oare mear ekstreem waar en in folle rapper heger wurdende seespegel foarsein as wêr't earder rekken mei holden waard. Dat is neffens de Waadferiening noch mear reden om gjin ierdgas en sâlt mear te winnen yn it natuergebiet.

Gebiet foar fûgels

Yn in earder rapport fan de Waadakademy waard yn it minste senario rekken holden mei in ferlies fan 38 prosint fan de waadplaten yn de Waadsee. Ut it IPCC-rapport blykt dat de seespegel noch heger wurdt en dat betsjut dat der noch mear waadplaten ferlern geane.
Miljoenen fûgels helje by de waadplaten iten út de seeboaiem. Dat moat dêrfoar wol twa kear deis drûch komme te lizzen. En dêrfoar telt elke milimeter, seit de Waadferiening.

'Gjin winning mear'

It nije rapport set effens de feriening alle seinen op read foar it winnen fan ierdgas en sâlt ûnder de Waadsee, omdat dat just soarget foar in delgong fan de boaiem.
Op 15 septimber debattearret de Twadde Keamer oer it tastean fan gaswinningen. De Waadferiening skriuwt "derfan út te gean dat de konklúzjes fan it IPCC-rapport konsekwinsjes ha foar de gebrûksromte by besteande winningen én dat der yn alle gefallen gjin fergunningen komme foar nije winningen".
Neffens de feriening is it ophâlden mei gas- en sâltwinning "de maklikste en meast logyske stap" om foar te kommen "dat it swartste senario werklikheid wurdt".