Fysike en mentale klachten by ûndernimmers: "Je hebt helemaal niets meer"

It neednûmer foar ûndernimmers dy't te krijen ha mei fysike en mentale klachten troch corona is sûnt febrewaris al achttûzen kear belle. Yn Fryslân binne der ek in soad ûndernimmers dy't wrakselje mei har sûnens, om't it hieltyd dreger wurdt om harren bedriuw oerein te hâlden.
"Je hele wereld staat stil", seit ûndernimmer Monique Zwamborn:
Monique Zwamborn is eigener fan in linzjerysaak. Se waard slim siik troch corona en fernimt noch hieltyd de gefolgen fan it firus. Dochs set se har ûndernimming gewoan troch. Se ferhûze sels nei in nij gebou.

'Je hebt niets meer'

Dochs begrypt se hiel goed dat der sa'n soad nei it neednûmer belle is: "Je hele wereld staat stil. Je hebt helemaal niets meer. En de leveranciers hebben allemaal facturen openstaan die jij dan niet kunt betalen."
Sels seit se dat foaral stipe fan minsken om har hinne holpen hat. Har freon bygelyks, en har kollega, dy ek in goede freondinne is.

Talkshow foar ûndernimmers

Trainer en coach Erik Eerhart seach al in skoft oankommen dat de coronakrisis foar mentaal lijen by ûndernimmers soargje soe. Hy sloech de hannen ynelkoar mei Haise Bosma en Wytze Visser en begûn in talkshow foar ûndernimmers, 'De Ondermening'.
We kennen de succesverhalen, maar er zit nog veel meer achter.
It ûndernimmen giet net allinnich om it sukses, seit trainer en coach Erik Eerhart
Yn de earste útstjoering wie der fuort omtinken foar de mentale problemen. Eerhart: "Ik weet wat het doet met een ondernemer als hij in de problemen komt."
Mei de talkshow hopet de coach sjen te litten dat ûndernimmen net allinnich om it sukses giet: "We kennen de succesverhalen, en die vinden we belangrijk om te delen, maar er zit nog veel meer achter."
Eerhart tinkt dat in soad ûndernimmers it noch lestich fine om help te freegjen, mar hopet dat se dochs om help freegje as it nedich is: "En dan hoeft dat niet eens bij een instantie, maar er zijn ook mensen in de buurt die naar je willen luisteren."