Fertochte (25) fan brânstichtingen yn Harns bliuwt langer fêst

De 25-jierrige Ljouwerter dy't fertocht wurdt fan meardere brânstichtingen yn Harns bliuwt fjirtjin dagen langer fêst. Dat hat de rjochter-kommissaris moandei befelle. De man waard op 6 augustus oanholden.
© CAMJO media
Tusken jannewaris 2019 en febrewaris 2021 wiene der sa'n sechstich brannen yn Harns. By yn elk gefal 22 brannen wie dúdlik sprake fan brânstichting. De brannen wiene benammen yn de Oosterparkwijk en yn Plan-Zuid.
Der binne ferskate auto's yn flammen opgien en der is brân stichte by meardere wenningen. Dêrneist is der brân stichte by it sikehûs.
"It moat noch útsocht wurde fan hokker brannen hy presys fertocht wurdt en wat de reden west hat", sei plysjewurdfierder Thijs Damstra earder.