Griene Stjer sneon it dekôr fan earste Ljouwerter triatlon

It Griene Stjer-gebiet is sneon it dekôr fan de earste Ljouwerter triatlon. Der dogge hûndert sporters mei oan it evenemint. Dat is ek it maksimale tal, om't de organisaasje it tal dielnimmers beheind hâlde wol fanwegen de jildende coronamaatregels.
De Griene Stjer yn Ljouwert © ANP Foto
De dielnimmers swimme en hurddrave yn it Griene Stjer-gebiet, foar it fytsen dogge se ûnder oare ek Gytsjerk en Lekkum oan. De dielnimmers kinne kieze út in koarte en in lange triatlon.
It idee fan de triatlon komt fan Daniël Hooghiemstra. "Ik bin sels ek besiker fan it gebiet en 'fervent' dielnimmer oan triatlons. Je hawwe in idee en je prate wat mei minsken. Fan it ien komt it oar en sneon is it safier", seit de organisator.

Wachtlist

As it oan Hooghiemstra leit dan bliuwt it net by dizze iene edysje. "Op it momint dat minsken harren ynskriuwe koene, rûn it al stoarm. Ik haw no noch in behoarlike wachtlist fan minsken dy't eins net meidwaan kinne. Dat jout wol in soad fertrouwen. Minsken fine it 'leuk' en it sprekt oan. Dus ik soe it graach noch ris dwaan wolle", sa seit de triatleet.
Organisator Daniël Hooghiemstra oer de Ljouwerter triatlon