Rêdingsoperaasje nedich foar ôfdriuwende hûn yn see by Flylân

Op Flylân moast sneontemoarn in hûn út de see rêden wurde troch lifeguards. Troch in sterke ôfrinnende streaming dreau de hûn fan it strân ôf. It slagge de hûn sels net om werom te kommen.
© KNRM Vlieland
De Koninklijke Nederlandse Redding Maatschappij (KNRM) hat fuortendaalks in rêdingsboat en in kusthelpferlieningsboat it wetter op stjoerd. Lifeguards fan de post Badhuis hawwe de eigeners fan de fûn socht.
Mei de rêdingsboat Graaf van Beylandt koe de hûn rap fûn wurde. "Op het strand aangekomen werd de hond door de bezorgde en hele blije eigenaren rijkelijk omhelsd", sa skriuwt de KNRM.