Freedsmerk oer faksinaasjeplicht: "Pak ze in het nekvel en prikken maar"

De libbensromte foar minsken sûnder faksinaasje tsjin corona wurdt hieltyd lytser. Yn meardere lannen meie minsken sûnder yninting de bus of trein net yn, binne bioskoop en teäter taboe of mei it personiel net op it wurk wêze. Hoe frij is de kar dan noch om jo wol of net faksinearje te litten? We fregen it oan besikers fan de Ljouwerter freedsmerk.
© Omrop Fryslân, René Koster
Op de freedsmerk snapten de measten it dilemma. "Fansels binne jo baas oer je eigen lichem, mar we moatte ek rekken hâlde mei mekoar."
Yngewikkelder waard it as dy dilemma's konkreet wurde. Mei in baas easkje dat syn personiel in prik hellet? Meie jo dat easkje fan dosinten foar de klasse? En soene je wegerders dan sels ûntslaan moatte kinne?

"Mei de rêch tsjin de muorre"

In keapman dy't him noch net faksinearje litten hat, om't er it net fertrout en noch in pear jier ôfwachtsje wol, fynt dat hy maklik praten hat, om't er eigen ûndernimmer is. "Wa't yn leantsjinst is, stiet al gau mei de rêch tsjin de muorre."
In frou fertelde dat se it in drege kwestje fûn: "Je hebt natuurlijk zelfbeschikkingsrecht, maar als het niet anders kan, dan moet het maar. Al dacht ik daar vorig jaar nog heel anders over. Maar het zijn de niet-gevaccineerden die nu in de ziekenhuizen liggen."

"Desnoods met politiegeweld!"

In man dy't sels wol twa prikken hân hie, pleite dochs foar de prinsipiële frijheid fan wa't dêr oars yn stiet. "Elkenien is frij, dochs? En as je der wat om tinke en wat ôfstân hâlde, dan falt it wol wat ta, soe't net?"
In hiel oar lûd kaam fan in man dy't foar ferplicht faksinearjen is: "Pak ze maar in het nekvel en prik ze maar. Desnoods met politiegeweld!"
Ferslachjouwer René Koster op de Ljouwerter freedsmerk