Soargen om it op 'e nij ynrjochtsjen fan Lycklamawei yn Wolvegea

Ynwenners fan Wolvegea meitsje harren soargen oer plannen fan de gemeente om de Lycklamawei yn it doarp feiliger te meitsjen. Dêrtroch ûntsteane gefaarlike slûprûten, sizze omwenners.
Noed oer de dyk yn Wolvegea:
Op de Lycklamawei, de trochgeande dyk tusken it sintrum en de A32, is it drok. Dêr is eltsenien it oer iens. Mar neffens de beswiermakkers hat de gemeente gjin rekken holden mei slûpferkear. As de wei by it tankstasjon in ôfsluting krijt foar autoferkear, dan rydt dat troch oare strjitten.
"Dat sil troch de Vuurvlinder gean by twa basisskoallen del", seit Marieke Visser, ien fan de beswiermakkers. "En troch de Ikeleane. Dêr is it smel en der steane in soad auto's parkearre. Bewenners sjogge dat net sitten."

Slûpferkear en oerlêst

Neffens Visser hat de gemeente Weststellingwerf net yn de gaten dat de sydstrjitte, dêr't se sels oan wennet, ek Lycklamawei hjit. Ek dêr ferwachtsje se slûpferkear en oerlêst. Se hienen ferline jier al in foarpriuwke fan de nije sitewaasje. Doe wie de haaddyk fanwege wurksumheden ôfsletten.
"Dat hat fjirtjin dagen duorre. Je koene gjin rút iepen sette fanwegen it lawaai", seit Visser. "En der sille grif fynstoffen en útlitgassen west hawwe. Wy wienen hiel bliid dat it ôfrûn wie."

Hantekens oanbean

Fan de 130 bewenners hawwe 50 in hanteken set ûnder in brief, dy't oan de gemeente oanbean is. Weststellingwerf sammelet de reaksjes en sil der yn oktober fierder oer fergaderje.