GGZ begjint kampanje om personielstekoarten oan te pakken

De Geestelijke Gezondheidszorg Fryslân begjint in kampanje om nij personiel binnen te heljen. Der binne te min spesjalisten dy't minsken helpe kinne en dus rinne de wachttiden foar in behanneling bot op. It duorret yn guon gefallen moannen om holpen te wurden.
Tekoart oan behannelers yn GGZ
De personielstekoarten spylje al langer. It wurdt hieltyd slimmer. It is dreech om minsken te finen dy't by it wurk passe. In oplieding is net samar klear, want dy duorret jierren.
Oan de oare kant is der hieltyd mear fraach nei soarch. Mear fraach en minder oanbod. Dus groeie de wachtlisten foar in persoan dy't help nedich hat. De slimme gefallen wurde wol fuortendaliks holpen, mar net elkenien kin op koarte termyn by de GGZ telâne.
"Wat we zien is dat er wachttijden aan het ontstaan zijn voor bijvoorbeeld specialistische traumabehandelingen of autisme", seit bestjoerder fan de GGZ Ton Dhondt. " Het gaat dan over tussen de twee en drie maanden. De norm voor behandeling ligt een stuk lager, Dat moeten we dus weer zien op te vullen."
De wachttiden by de GGZ © GGZ Fryslân
De kampanje rjochtet him op minsken dy't al yn de soarch wurkje, mar ek op minsken dy't noch de kar meitsje moatte hokker skoalle oft se dogge. It is de bedoeling krekt dy minsken entûsjast foar it fak te krijen. Dêrfoar komt in nije website online. Fierders sil de GGZ sil mear gearwurkje mei gemeente en skoallen om minsken te berikken.
De GGZ rjochtet him lykwols net allinnich op de nije minsken. Se besykje ek de eigen wurknimmers better te behâlden foar de organisaasje. Want de leechrin is troch it grutte tal fakatueren heger as gewoanwei.
"Wat je ziet is dat mensen keuzes maken. Er zijn veel mogelijkheden binnen het land en bij onze buurtprovincies. Als je ziet dat er ergens een baan is die net wat meer aansluit bij je eigen deskundigheden of interesses, dan is het heel verleidelijk om de overstap te maken."
De kampanje stiet noch oan it begjin. De webside is online.
Ton Dhondt oer de kampanje