Pier Eringa fan Testen voor Toegang: PC is ferantwurde

"Ik hie tocht dat der folle minder minsken wêze soene, seit foarsitter Pier Eringa fan de stichting achter Testen voor Toegang. Hy fynt de PC wol ferantwurde, want der is in strang tagongsbelied. Besikers moatte mei in QR-koade sjen litte dat se faksinearre binne of corona hân hawwe.
Pier Eringa © ANP Foto
"Ik ha ek wol wedstriden fan it Nederlânsk alvetal meimakke, mei minder supporters", seit Eringa. "Doe wie de sfear der net. Hjir is in hiel goede sfear."
Eringa tinkt wol dat de PC ferantwurde is. "Jo meie der net samar yn. It is in bûtenevenement. It risiko is dus leger. Mar jo moatte it wol goed yn de gaten hâlde, en sjen oft dit no mear besmettingen opsmyt. Dêr moatte jo dan fan leare foar de folgjende kear."
It giet om de goede balâns tusken dingen wol en net dwaan, fynt Eringa: "Net te benaud, net ûnferantwurde dingen dwaan, mar ek net de hiele mienskip stillizze en alles plat lizze. Ik tink dat in soad Friezen dit net graach misse soene. Ik sels kom hjir graach foar werom út Apeldoorn."
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Eringa hat noch nea de PC helle as dielnimmer. Hy hat wol twa kear meidien oan de wichtichste keatswedstriid foar jonges, de Freule yn Wommels. "Ik wie krekt net goed genôch foar de PC. Oant myn santjinde gie it aardich goed, Dêrnei waarden oaren better."
It is foar de eardere direkteur fan ProRail en no fan de stichting achter Testen voor Toegang syn tsiende oant fyftjinde PC. Hy is opgoeid yn Kûbaard. Der wiene se mear rjochte op Wommels en de Freule. Eringa: "In diel fan myn famylje die beide: de Freule en de PC."
Eringa hat âld-hockeyer Paul Litjens en KNSB-direkteur Herman de Haan by him op it Sjûkelân. Hy besiket harren it keatsen by te bringen.
Pier Eringa: "Net te benaud, je moatte soms wat besykje"